Undersyk saak-Ida Klijnstra: fan 10 tips oant in haadfertochte

Ida Klijnstra-Kuipers © Omrop Fryslân
Mear as 14 jier nei de moard op Ida Klijnstra fan De Blesse komme twa fertochten foar de rjochter. Dêr giene jierren oan ûndersyk nei tips, in donkere Mercedes en ferskate fertochten oan foarôf. In oersjoch fan de saak.
Moandei 23 juny 2008: de 52-jierrige Ida Klijnstra past op har beppesizzer fan trije moannen âld as se yn har wenning oan de Franke Deddenstrjitte delsketten wurdt. Har man Bennie en dochter binne op 'en paad en fine om 17.30 oere har lichem. It bern mankearret neat.
De plysje set in team fan tritich resjersjeurs yn foar it ûndersyk nei har dea.

Haadfertochte

It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht wurdt ynskeakele en dat smyt tsientallen tips op, mar de gouden tip bliuwt út.
Op it momint dat de plysje in pear dagen nei de moard in fertochte oanhâlde wol, in 52-jierrige man út Frjentsjer, makket dy in ein oan syn libben. De plysje wol nei in tip oer wapenbesit de haadfertochte oanhâlde, mar krekt dêrfoar sjit hy himsels troch de holle. De plysje sjocht him as haadfertochte.
Argyfbylden fan de saak Ida Klijnstra
De plysje hâldt yn oktober 2009 de âldste soan fan de 52-jierrige Frjentsjerter, in man út Wolvegea, oan op fertinking fan belutsenens by de moard op Klijnstra. Hy ûntkent alle belutsenens by de moardsaak. It kin net bewiisd wurde dat de Wolvegeaster der wat mei te krijen hat.
Yn 2013 slút it Iepenbier Ministearje it ûndersyk nei de moard definityf ôf.

Ferklearring

Der komt wer beweging yn de saak as yn oktober 2021 in 39-jierrige man út It Hearrenfean him meldt op it plysjeburo mei in ferklearring oer de moard.
Dêrnei hâldt de plysje ek in twadde fertochte oan. It is in 34-jierrige man út Wolvegea, deselde fertochte dy't ek al yn 2009 by de plysje yn byld wie.
Sûnt 2008 folget Omrop Fryslân de saak op de foet. Sjoch hjirûnder nei in reportaazje mei Bennie Klijnstra, dy't ek fertelt watfoar frou syn Ida wie:
Wa wie Ida Klijnstra?