Stúdzje fan Campus Fryslân foar twadde kear op rige bêste bachelor fan it lân

Campus Fryslân RUG © Gerko Jonker
De stúdzje Global Responsibility & Leadership (GRL) fan Campus Fryslân is de neffens de Keuzegids foar Universiteiten de bêste bacheloroplieding fan Nederlân.
De oplieding is neffens de gids in 'Top Degree Programme'. Dat label krige GRL sûnt de oprjochting yn 2018 oant no ta elk jier. Mei 97 fan de 100 punten waard de stúdzje dit jier noch trije punten better beoardiele as ferline jier, doe't de oplieding ek al as bêste bachelor út de bus kaam.
Omrop Fryslân makke earder dit jier in dokumintêre oer fjouwer ynternasjonale studinten oan de stúdzje Global Responsibility & Leadership:
"Voor de tweede keer op rij erkend worden als de beste bacheloropleiding van Nederland is een bewijs van onze inzet om onszelf uit te blijven dagen en te blijven innoveren om state-of-the-art en kwalitatief hoogstaand onderwijs te bieden. Ik ben ongelooflijk trots op de hele UCF-gemeenschap", seit programmadirekteur dr. Indira van der Zande.
GRL behelle de heechste skoare op it gebiet fan karriêretarieding, ynhâld en toetsing.
Ek de kwaliteit fan de dosinten en de stúdzjesfear skoarden heech. De beoardielingen binne bassearre op studinte-evaluaasjes, gegevens út de lanlike opliedingsdatabase Studiekeuze123 en fisitaasjerapporten fan de Accreditatie Organisatie Nederland en Vlaanderen (NVAO).