LTO Noord en Wetterskip stappe út Holwert oan See, dochs giet projekt troch

In ympresje fan Holwert oan See © Provinsje Fryslân
LTO Noord en Wetterskip Fryslân stappe út it projekt Holwert oan See. Beide partijen ha te folle twivels wat de betelberens en helberens fan it projekt oanbelanget.
It beslút fan LTO Noord en it Wetterskip waard tongersdeitemiddei bekend makke op it provinsjehûs yn Ljouwert. It ôfheakjen fan twa grutte partijen hat foarearst noch gjin negative gefolgen foar it projekt, omdat in mearderheid fan de saneamde stjoergroep in posityf oardiel jûn hat oer it projekt.
It plan is om de saneamde 'natuerlike fariant' fan Holwert oan See te realisearjen. Dêrby is it de bedoeling in trochgong yn de seedyk te meitsjen wêrmei't de ferbining tusken de Waadsee en it achterlân wersteld wurdt. Nei ferwachting sil dat ekonomyske foardielen foar it doarp Holwert en de regio opsmite en tagelyk geunstige effekten ha foar de natuer en bisten yn de omjouwing.
LTO Noord en Wetterskip stappe út Holwert oan See, dochs giet projekt troch
Wetterskip Fryslân en LTO Noord sette fraachtekens by it plan. De grutste soarch giet oer de trochgong yn de seedyk en de fraach wa't yn de takomst de ferantwurdlikheid foar it behear en ûnderhâld fan it gebiet op him nimt. Alle belutsen partijen nimme op dat mêd noch in ôfwachtsjende hâlding oan. Neffens deputearre Klaas Fokkinga, dy't foarsitter is fan de stjoergroep, mei dat gjin reden wêze om it projekt te beëinigjen.
It positive advys betsjut dat Provinsjale Steaten en de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân begjin takom jier oan set binne en in beslút nimme moatte oer Holwert oan See.