Tsien en seis jier sel easke tsjin bruorren foar de moard op Ida Klijnstra

Ida Klijnstra-Kuipers © Omrop Fryslân
Tsjin de twa fertochten fan de gewelddiedige dea fan Ida Klijnstra is 10 en 6 jier sel easke. Klijnstra waard yn juny 2008 deasketten yn har wenning yn De Blesse, tongersdei stiene twa bruorren foar de rjochter.
De saak waard oppakt doe't ien fan de fertochten ferline jier nei de plysje stapte. De twa fertochten yn de saak-Ida Klijnstra moatte neffens justysje feroardiele wurde foar it meipleegjen en it mandélich wêzen by 'poging diefstal met geweld de dood tot gevolg hebbend'.
De fertochten binnen 40 en 35 jier âld en komme út It Hearrenfean en Wolvegea. Tsjin de Wolvegeaster waard 10 jier sel easke om't hy ek yn de wenning west hat fan Ida Klijnstra, seit de offisier fan justysje. De oare fertochte moat fan justysje 6 jier de sel yn om't syn rol lytser wie.
De útspraak folget oer fjouwer wiken.
Tsien en seis jier sel easke tsjin bruorren foar de moard op Ida Klijnstra
Daniëlle, de dochter fan Ida Klijnstra, praat yn har slachtofferferklearring oer de swartste dei yn har libben. "Dit had nooit mogen gebeuren. Het was geen film, geen nachtmerrie, het was echt. Onmenselijk wreed dat jullie zo lang hebben gezwegen. Ik wil dat jullie me aankijken, de tijd om weg te kijken is voorbij."
Sy fertelt dat de dieders har alles ûntnaam hawwe. "Ik heb mijn moeder bij haar kist beloofd: we lossen dit op, we gaan de daders pakken. Mijn moeder heeft vandaag het laatste woord en niet jullie. En ze zegt: wees eerlijk en vertel wat er is gebeurd."
De neibesteanden freegje mei-inoar in bedrach fan goed 60.000 euro foar materiële kosten en shockskea.

Twa kear sketten

Klijnstra waard om it libben brocht op 23 juny 2008 oan de Franke Deddenstrjitte yn De Blesse. Letter op de bewuste dei kaam har man Bennie thús. Hy fûn syn frou yn de keuken op de flier.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat Ida Klijnstra fan hiel tichtby twa kear delsketten is mei in pistoal mei lûdsdemper. Yn it bloed binne spoaren te sjen fan in skoech. Fierder wurdt neffens de plysje dúdlik dat de wenning trochsocht is.

"Moeilijke jeugd gehad"

Hast in wike letter die de plysje yn Frjentsjer in ynfal by de heit fan de beide fertochten. De plysje fertinkt him fan it tarieden fan in oerfal. De heit skeat himsels by de oanhâlding troch de holle. Yn de wenning fûn de plysje in oerfalpakket mei wapens, overals en bivakmûtsen.
De beide soannen sizze dat se wisten fan it wapenbesit. "We hebben een moeilijke jeugd gehad. Toen ik dertien was moest ik gaan stelen", seit ien fan de fertochten. "Mijn vader was altijd dronken", fertelt de oar. Nei ûndersyk leit de resjerzje in link mei de dea fan Ida Klijnstra.

Fertochte hâldt namme geheim

It wapen dat brûkt is yn De Blesse lei lykwols net yn Frjentsjer. De âldste fertochte seit hjoed dat it wapen troch ien meinommen is. "Ik weet wie dat heeft gedaan, maar ik zeg niet wie dat is. Ik heb al genoeg ellende meegemaakt. Sommige mensen zijn niet te peilen. Ik heb geen zin om mijn hele leven in angst achterom te kijken."
Rjochter Willem Sikkema wol it graach witte. "We doen hier aan waarheidsvinding." De fertochte hâldt lykwols de namme geheim.

Tsjûge hat it oer jildneed

In tsjûge fertelt dat de heit fan de fertochten yn juny 2008 in oerfal planne woe yn De Blesse. "Hij had geldnood en wilde met zijn beide zonen iets beramen. Die deden alles voor hem. Ze reden langs het huis en hij vertelde dat ze heel rijk waren. Aanbellen en dat met een vuurwapen naar binnen. Dat was het idee."
Neffens de âldste fertochte is dit ferhaal ûnsin. "We verdienen geen straf. We hebben een lul van een vader gehad en die heeft ons bij alles betrokken."

Betize

De fertochte fan It Hearrenfean komt hjoed wat betize oer. Hy seit dat syn ferklearringen dy't hy doetiids ôflein hat, net klopje. "Ik heb toen een lulverhaal opgehangen zodat het spoor niet naar mij zou leiden en dat ik er geen last mee zou krijgen." Hy wist wol dat syn heit in oerfal plege woe.
By de ynfal troch de plysje yn Frjentsjer waard in pear Puma-skuon oantroffen. De resjerzje fûn ek spoaren fan bloed fan it slachtoffer Ida Klijnstra. Ek de ôfdruk fan de skoech waard fûn yn de keuken fan it slachtoffer.
It docht bliken dat de skuon eigendom binne fan de jongste fertochte: "Dat klopt. Ik heb ze in maart 2008 toen ik terugkwam van een reis naar Curaçao achtergelaten bij mijn vader. Ik had nieuwe schoenen gekocht op Curaçao."

Earste ferklearring

Op 26 oktober ferline jier melde de âldste fertochte him op it plysjeburo op It Hearrenfean. "Ik heb vaak bij het politiebureau gestaan. Ik moest het kwijt. Ik had een andere behandeling verwacht na zoveel jaren. In plaats daarvan werd ik op het bureau aangehouden. Ik had gehoopt dat iemand me vast zou pakken en helpen."
De fertochte seit dat hy, syn heit en syn broer belutsen wiene by de gewelddiedige dea fan Ida Klijnstra. "Ik was de chauffeur, ik heb gereden en ben medeplichtig", seit hy op it buro.

"Van binnen kook ik"

Hjoed fertelt hy dat er by syn heit yn de auto stapte. "Toen vroeg hij me of we naar De Blesse konden rijden. Ik heb mijn vader toen afgezet in De Blesse, maar ik weet niet precies waar. Daarna ben ik weggereden. Toen ik terugkwam zag ik mijn broertje mij tegemoet rennen. Hij en mijn vader stappen in. Ze zeiden niks. Het was direct duidelijk dat er faliekant iets mis was."
Syn jongere broer soe letter sein ha dat hy in skot hearde, nei binnen gie by de Klijnstra's en yn panyk rekke. Dy reagearret hjoed op dit ferhaal: "Van binnen kook ik. Dit is totale onzin. Ik snap niet waarom hij me hierbij betrekt. Dat is onvergeeflijk."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust
Neffens offisier fan justysje Roelof de Graaf is de ferklearring fan de âldste fertochte it lêste puzelstikje yn dizze saak. "Het is een consistente, oprechte en zorgvuldige verklaring die als steunbewijs kan dienen."
De Graaf giet derfan út dat de heit de skutter west hat. "Dat hij met zijn jongste zoon binnen is geweest en de oudste de beiden in de auto heeft gebracht en gehaald."

"Het zijn alleen maar aannames en suggesties"

Advokaat Tjalling van der Goot fan de 35-jierrige Wolvegeaster fynt dat der gjin bewiis is. "Het zijn alleen maar aannames en suggesties, hard bewijs is er niet. Bovendien ontkent de verdachte."
Dat de broer fan de fertochte him neamt yn syn ferklearring oer wat der bard is, seit net safolle. 'Het is misschien wel vervelend maar niet belastend en kan niet als bewijs worden gebruikt."
Van der Goot freget om de saak net-ûntfanklik te ferklearjen. "Het is een wanhopige poging van het Openbaar Ministerie om iemand strafrechtelijk verantwoordelijk te stellen."
Neffens advokaat Robert Snorn fan de Feanster wie der net sprake fan in mienskiplik plan. De Feanster is ferline jier nei de plysje stapt mei in ferklearring. "Daarmee heeft hij zichzelf belast."
Dat wol net sizze dat hy dêrom skuldich is. "Het feit is voor hem als een volslagen verrassing gekomen. Daarom vraag ik op alle punten vrijspraak." Snorn neamt de eask fan seis jier tsjin syn kliïnt 'belachelijk hoog'. Hy fynt dat der rekken mei holden wurde moat dat de Feanster him meld hat. "Hij heeft ervoor gezorgd dat er nu een rechtszaak is."