Plysje hâldt tredde fertochte wenningoerfal Snits oan: man út Lelystêd (20)

De plysje by de flat dêr't de oerfal wie © Noordernieuws
De plysje hat woansdei yn Lelystêd de tredde fertochte fan de wenningoerfal oan de Morrahemstrjitte yn Snits oanholden. It giet om in 20-jierrige man út Lelystêd.
Earder waarden al in 22-jierrige man út dyselde stêd en in 19-jierrige man fan De Lemmer oanholden foar belutsenheid by de oerfal.
De manlju soenen op 11 novimber guod stellen hawwe fan in 27-jierrige man. It slachtoffer waard yn syn eigen hûs bedrige mei in mooglik fjoerwapen en in mes.
Neffens de plysje binne no alle trije fertochten fan de wenningoerfal oanholden. It ûndersyk nei de oerfal giet fierder.