Tytsjerksteradiel wol troch mei boargemaster Gebben: "Noait in nacht wekker lein"

Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel wol nochris seis jier troch mei de hjoeddeiske boargemaster Jeroen Gebben. De oanbefelling foar in nije perioade is yn in koarte, ekstra riedsgearkomste bekend makke.
Foar de proseduere jildt dat in boargemaster altyd by Keninklik beslút beneamd wurdt. As alles neffens plan ferrint kin Gebben mei de riedsgearkomste fan 23 febrewaris takom jier offisjeel wer ynstallearre wurde.
Jeroen Gebben is al sûnt 2017 boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Hy folge doe Wilma Mansveld op. Dêrfoar wie er riedslid en wethâlder yn Barendrecht. Gebben is berne yn Grins en opgroeid yn Bûtenpost.
Ferslachjouwer Auke Wietze Bosma mei boargemaster Jeroen Gebben
Gebben seit wiis en grutsk op de foardracht te wêzen. "Dat docht wat mei it betrouwen", jout de boargemaster oan. Neffens him is Tytsjerksteradiel de moaiste gemeente fan Fryslân.
Hy is it meast wiis mei it koälysje-akkoart en de ynset foar bestjoerlike fernijing. It wichtichste wurk fynt faak efter de skerms plak, gjin dei is lyk.
Mar ek drege fraachstikken hearre by it wurk, seit Gebben. "Mar ik sport goed, ik haw noch noait in nacht wekker lein."
De measte winst falt neffens Gebben te beheljen yn de boargerpartisipaasje, yn it kontakt mei de mienskip. Gebben sjocht de polarisaasje ek yn syn gemeente, bygelyks as it om it stikstoffraachstik giet. De omkearde flaggen sizze wat oer it tinken oer de polityk, jout de boargemaster oan.