Njonken flekswenten De Jouwer wol kolleezje ek in breder lokaasje-ûndersyk

Oer dizze braaklizzende grûn efter de Sewei rûn eartiids de A7 © Google Street View
Nei fragen fan de gemeenteried stelt it kolleezje fan De Fryske Marren foar om in ûndersyk op te setten nei de mooglikheid fan flekswenten by de Sewei op De Jouwer. Mar it moat ek in breder ûndersyk wurde foar de hiele gemeente.
It stik grûn dêr't neffens it kolleezje kânsen lizze foar flekswenten, leit tusken de Sewei en de A7, oan de súdkant fan De Jouwer. It ûndersyk soe útwize moatte oft der ek risiko's oan it plan fêstsitte, lykas lûdshinder foar de eventuele bewenners.
De grûn by de Sewei is eigendom wurden fan de gemeente nei't it trasee fan de A7 ferpleatst is mei de oanpak fan knooppunt De Jouwer.
Yn juny stelde it kolleezje foar om 150 tydlike, lytse huzen te bouwen op de strook grûn. Op de braaklizzende grûn soene ferskate groepen wenje kinne, lykas starters, statushâlders en minsken dy't fluch ferlet hawwe fan in hûs. De lytse huzen soene der sa'n 10-15 jier stean kinne.

"Meters meitsje"

"Hjir kinne wy fluch meters meitsje as gemeente", seit wethâlder Chris van Hes. "Der is fansels in grutte urginsje, wy hawwe al trije jier te krijen mei in krappe wenningmerk. Dat freget ek om oare wenkonsepten."
Wethâlder Chris van Hes © Gemeente De Fryske Marren
Neffens wethâlder Van Hes trunet Den Haag der ek bot op oan. De winsk foar flekswenten stie ek yn it koälysje-akkoart. Yn 'Fûnemint foar moarn' stiet dat de FNP, CDA, PvdA en GrienLinks de effekten fan flekswenjen ûndersykje wolle.

Foech by de ried

Uteinlik hat de gemeenteried wol it foech, seit Van Hes. Ek oer oft it überhaupt trochgiet en oer hoefolle flekswenten der komme moatte.
De ried hat ek frege oft der oare mooglike lokaasjes binne. Dêrom stelt it kolleezje no in breder ûndersyk foar it hiele gebiet fan de gemeente foar.
Neffens it kolleezje is de 'A7-sône' de iennige lokaasje dy't op koarte termyn beskikber is foar flekswenten, dêrom soe in helberensûndersyk der fuortendaalks komme moatte.