Teleks: Minister Bruins Slot – “It Ryk is al yn petear mei RUG oer heechlearaar Frysk”

logo.ensafh

Minister Hanke Bruins Slot makket har der oprjocht soargen oer dat it Rijksuniversiteit Groningen net slagge is om funksje fan heechlearaar Frysk op itselde nivo troch te setten. Dat sei se yn har Rede fan Fryslân.
De minister freget har ôf oft it opfolgjen fan Goffe Jensma troch in universitêr dosint net yn striid is mei de ôfspraken tusken Ryk en universiteit oer it befoarderjen fan it wittenskiplik ûnderwiis fan it Frysk.

Yn petear mei universiteit

Bruins Slot ûnderstreke dat Ryk en Provinsje de universiteit beide 550.000 euro jouwe foar it befoarderjen fan it Frysk foar in perioade fan fiif jier. Sy is dêrom al yn petear mei de universiteit. “Dat vind ik belangrijk en noodzakelijk.” De minister hopet dat dit gau liede sil ta it fuortsetten fan de oplieding Frysk ‘op hetzelfde niveau’.

Lês, harkje en sjoch fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *