Van der Molen wol dat Ryk alle jierren 1,4 miljoen yn Frysk taalûnderwiis stekt

CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen © ANP
CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen wol dat it Ryk alle jierren 1,4 miljoen euro yn it taalûnderwiis fan it Frysk stekt.
Hy hat dêrfoar in amendemint yntsjinne, dat stipe wurdt troch D66, PvdA, CU en VVD.
"It ûnderwiis yn it Frysk stiet ûnder druk", seit Van der Molen. "Ek omdat it Ryk net genoach ynvestearret yn de twadde Rykstaal. Mei dizze moasje ferdûbelje we de Ryksbydrage. En dat wie heech tiid."
De provinsje Fryslân betellet it grutste part fan de kosten sels. Van der Molen pleitet foar in ynvestearring fan 200.000 euro takom jier foar ien kear en fan 2024 ôf 1,4 miljoen euro struktureel foar leararen, sa't ek it Ryk der mear ferantwurdlikens yn nimt.
Yn 2018 is mei de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer fêstlein dat alle Fryske skoallen yn 2030 it Frysk op it heechste nivo fan kearndoelen oanbiede moat. Mei it Taalplan Frysk wurdt dêr oan wurke.