Fryske helpferlieners noch hieltyd yn Oekraïne, dêr't ferlet fan aggregaten is

It is tsjuster yn Kiev, dêr't de stroom net mear wurket © ANP
De winter wurdt lang en kâld yn Oekraïne. Fryske helpferlieners binne drok dwaande mei help oan ynwenners fan ferskate stêden en doarpen yn it lân, dat flink te lijen hat fan de oarloch mei Ruslân.
It enerzjynet wurdt hieltyd oanfallen mei raketten, de stroomfoarsjenning is dramatysk en ek ferwaarming is in grut probleem. No lizze de temperatueren noch krekt ûnder nul, mar aanst wurdt it folle kâlder en dat hat grutte gefolgen.
Oarlochsmaterieel op strjitte yn Kiev © Jorrit Schreuder
Yn Fryslân binne ferskate organisaasjes dy't helpe. De Friese Rijders binne al skoften dwaande mei transporten yn 'e rjochting fan Oekraïne. Iten, medyske helpmiddels, mar ek oar guod wurdt brocht.
De riders sykje no aggregaten om nei it lân te bringen. Neffens Arnaud Dijkstra, dy't in soad kontakt hat mei Oekraynske famyljes, sitte se dêr faak yn minne omstannichheden sûnder stroom byinoar. Dêrom no de oprop oan Friezen om as se der ien hawwe en kwyt wolle dy oan te bieden oan de organisaasje.
Helpferlieners fertelle oer Oekraïne
Yn Irpin, dat 20 kilometer by Kiev wei leit, binne ek Fryske frijwilligers dwaande. Sy hawwe dizze wike yn Irpin west om Tiny Houses te bouwen. Ek reparearren sy earder al huzen dy't skansearre wiene troch raketoanfallen en oar geweld.
Neffens Gerben Huisman, dy't der dizze wike wie, is der ferlet fan allerhanne guod en sy wolle graach fan alles meinimme as se yn jannewaris wer dy kant op reizgje. Ek jild is wolkom as donaasje.
Ravaazje yn Irpin © ANP
Yn Kollumersweach en Feankleaster is woansdei ek begûn mei in ynsammelaksje foar Oekraïne. By it gebou Hof van Eden oan de Foarwei yn it doarp hawwe frijwilligers fan alles byinoar garre. Der wie aardich wat flecht op de koai.
Minsken brochten ferskate dingen, lykas moanneferbân, in aggregaat mar ek in soad iten. Sneon kin der noch guod brocht wurde oant 14.00 oere.
Donaasjes foar dizze aksjes binne ek wolkom omdat it ferfier nei Roemenië djoer is, dêr't it spul earst hinne ferfierd wurdt. Dat kin nei it Pleatslik Belang ûnder de namme fan Hulptransport Oekraïne.