Stiens hat lang om let in nij multyfunksjoneel sintrum

De Nije Skalm sit yn it eardere gemeentehûs © Google Street View
It hat efkes duorre en it hie sa no en dan wat fuotten yn 'e ierde, mar Stiens hat in nij multyfunksjoneel sintrum. Offisjeel moat De Nije Skalm noch iepene wurde, mar it sintrum wurdt al twa wiken folop brûkt.
Nei't de gemeente Ljouwerteradiel, dêr't Stiens it haadplak fan wie, fusearre mei Ljouwert stie it eardere gemeentehûs leech. En hoewol't de bûtenkant noch altyd liket op it âlde gebou, is dat fan binnen net it gefal.

De âlde kantoaren binne fuort helle, der is in bar kaam en in soarte fan húskeamer ûntstien. Dochs is net alles nij. Alde eleminten lykas de swiere flier, grutte treppen en in peal mei de kontoeren fan riedsboeken binne noch sichtber. It giet dan ek om in monumint dat net samar fuorthelle wurde koe.

Brûnzen doar

Soarch- en wolwêzensorganisaasje Amaryllis hat in plakje krigen yn it gebou, wylst der ek in priklokaasje te finen is. Achteryn it gebou is de opgong nei acht apparteminten, ek al hearre dy net by it MFC. "Wy hâlde ús dêr net mei dwaande. Mar it is natuerlik moai dat der ek plak is foar minsken dy't graach yn it sintrum fan Stiens wenje", fertelt Alita de Haan fan it bestjoer.
Hoewol't de plannen foar De Nije Skalm al langer klear wiene, hat de útfiering nochal wat fuotten yn 'e ierde hân. Sa wie der in skeel oer ôfspraken dy't makke wiene tusken it bestjoer en de gemeente.
Nei in juridyske proseduere en fragen yn 'e ried stapte úteinlik it bestjoer fan it MFC yn Stiens op. Der sit no in nij bestjoer.
Op de earste ferdjipping hinget in âlde, brûnzen doar dy 't yn 1960, doe 't it gemeentehûs fan Stiens boud waard, makke is. De tsjerketoer fan Stiens stiet der op. Dat de doarren wer thús binne fynt De Haan hiel moai. "It wie in hiele toer om se op te hingen, mar dit is dochs geweldich?"

Biblioteek moat noch oer

Yn jannewaris sil ek de biblioteek ferhúzje nei De Nije Skalm. De Haan: "As dat klear is, wurdt alles offisjeel iepene." Foar de perioade dêrnei lizze der ek fêst wat winsken. "It liket my moai at besikers fan it Repair Café úteinlik nei de biblioteek gean of nei it biljerten. Sa krije je krúsbestowing."