Projekt Dreamhûs smyt trije nije ynnovaasjes op foar ferduorsuming sosjale hierwenten

© DreamHûs
In waarmtewikselder foar de dûs, enerzjy opslaan ûnder de grûn en enerzjy út ôffalwetter. It binne trije ynnovaasjes dy't, ûntwikkele fanút projekt Dreamhûs, de kommende jierren brûkt wurde sille om Fryske huzen te ferduorsumjen.

Om ferskate ynnovaasjes te testen wurde der yn Delft gebrûksfreonlike oplossingen betocht foar de ferduorsuming fan besteande wenningen. Dat bart yn trije neiboude wenningen út de jierren santich.

WoonFriesland is ien fan de partijen dy't belutsen is by Dreamhûs. Sy ha 20.000 sosjale hierwenten yn behear, mar neffens Rudo de Bert fan WoonFriesland hoege dy net allegear ûnder hannen naam te wurden. "Guon nijbouwenten binne al duorsum. Wy moatte besykje om yn 2030 de helte fan ús CO2-útstjit te redusearjen."
De bedriuwen WoonFriesland, Bouwgroep Dijkstra Draisma, Yes!Delft, The Green Village en de Bewonersraad Friesland dogge mei oan DreamHûs. It projekt hat as doel om betelbere, gebrûksfreonlike oplossingen te betinken foar de ferduorsuming fan besteande wenningen. Dat is op it stuit de grutste opjefte op de Nederlânske wenningmerk.
Der wurde trije neiboude wenningen út de jierren santich delset yn The Green Village, de proeftún fan de campus fan de TU Delft. Yn dizze wenten wurde produkten test dy't de wenningen ferduorsumje.
It idee fan de ynnovaasjes is ek dat minsken mei in smelle beurs romte krije om de enerzjyrekken omleech te krijen, seit De Bert. "As it giet om isolaasje, dan binne de kosten foar de ferhierders. De ynvestearring yn maatregels dy't gas of elektra besparje rekkenje we troch nei de hierder yn de servicekosten. Mar dit sil net in soad wêze."
Neffens Marjan Kreijns fan de TU Delft, dêr't it ûndersyk útfierd wurdt, giet it om in bysûndere testomjouwing. "Het gaat hier om nagebouwde huizen die ook echt bewoond worden. Het bewonersgedrag speelt hier een essentiële rol in de energietransitie."