Measte mbû'ers fiele har ûnderwurdearre: "It is dweile mei de kraan iepen"

Mbû-skoalle Friese Poort yn Drachten © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Mear as de helte fan de mbû'ers fielt him ûnderwurdearre. Dat docht bliken út in ûndersyk fan fakbûn CNV. Foarsitter Piet Fortuin skrikt fan de útkomst. "Se binne fan fitaal belang foar ús ekonomy."
In flink part fan dizze groep hat problemen om rûn te kommen, nettsjinsteande it tekoart oan fakminsken. "De soarch, technyk, bou, allegear sektoaren dêr't se kleie oer te min personiel. Boppedat is der in klimaattransysje geande. Dat smyt ek wurk op. Tink oan it pleatsen fan sinnepanielen."

Wurkklimaat

Neffens Fortuin sit it gebrek oan wurdearring net allinnich yn it lean. "Ek de baas moat foldwaande omtinken hawwe foar de wurknimmers. Oftewol: hoe is it wurkklimaat? Yn de technyk is de wurdearring sa leech, dat in soad nei twa of trije jier wer wat oars dwaan sille. Op dy wize is it dweilen mei de kraan iepen."
Oer it lean seit Fortuin: "Wurkjouwers hawwe sels ek lêst fan ynflaasje. Dochs moatte se each hâlden bliuwe foar de middenynkommens. Dêr driuwt dit lân op. Se binne fan fitaal belang foar ús ekonomy."

Balâns bruto en netto

Ek foar de oerheid leit der in wichtige taak, seit er. It meast ferstannige is neffens him om de belestingtariven oan te passen. "As it bruto- en nettosalaris tichter byinoar komme te lizzen, hoecht it de wurkjouwer gjin ekstra jild te kostjen. Sa hâlde je ûnder de streek dus mear oer."