Eask tsjin âld-hurdfytser Pieter Weening: 120 oeren wurkstraf fanwegen geweldpleging

Rjochtbank yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Tsjin âld-hurdfytser Pieter Weening is freed 120 oeren wurkstraf easke, wêrfan 60 ûnder betingst. De 41-jierrige Harkyt stie foar de rjochter foar 'geweldpleging en ernstige bedreiging in de familiare sfeer' sa sei it Iepenbier Ministearje.
It giet om in ynsidint dat plakfûn op 26 desimber 2021. Weening krige nei it krystdiner rûzje mei syn freondinne doe't har broer tuskenbeide kaam en him in klap joech. Dêrnei ûntstie der in fjochtpartij.
Weening belle ûnder de fjochtpartij sels mei 112. Hy soe oan de plysjeminsken, dy't op de melding ôfkamen, om harren wapen frege ha, wêrby't hy sein hawwe soe 'dan sjit ik se hartstikke dea.' Hy koe him dat freedtemoarn yn de rjochtbank net heuge.

'Selsferdigening'

Sels hat Weening dy jûn in brutsen kaak oprûn. Doe't er werom kaam út it sikehûs gie de rûzje fierder. Syn skoanfamylje wie dwaande om guod yn in buske te laden. "Sy woene my bestelle." Weening soe doe in mes pakt hawwe. Hy die dat nei eigen sizzen út selsferdigening, om't syn skoanheit mei in grutte hammer om it hûs rûn en syn sweager in doar yntrape hie.

De sweager moast freed ek foar de rjochter ferskine. Op 9 desimber folget de útspraak.