Direkteur: sluting Thialf takom jier 'onvermijdelijk' as der gjin ryksstipe komt

Ynterim-direkteur Minne Dolstra fan Thialf © Martin de Jong Fotografie
Thialf hat in needgjalp nei de Twadde Keamer stjoerd. As der net fluch stipe komt, is sluting yn 2023 'onvermijdelijk.' Dat skriuwt ynterim-direkteur Minne Dolstra yn in brief.
Dolstra lit mei de brief oan de Twadde Keamer witte 'zeer grote zorgen' te hawwen oer te kontinuïteit fan Thialf, no't der gjin enerzjykompensaasje komt.
Swimbaden en guon oare sportakkommodaasjes krije in bydrage fan de lanlike oerheid, mar Thialf moat it sûnder finansjele stipe dwaan. Dat wylst de kosten fan takom jier ôf mear as ferdûbelje, sa skriuwt de direkteur.

Nij enerzjykontrakt

De enerzjyrekken soarget foar in tekoart op de begrutting fan 1 miljoen euro. Dit jier is it enerzjykontrakt noch te beteljen, mar foar 2023 moat in folle djoerder kontrakt ôfsletten wurde.
Direkteur: sluting Thialf takom jier 'onvermijdelijk' as der gjin ryksstipe komt
Sûnder stipe kin Thialf net garandearje dat de reedrydkalinder oant en mei maart ôfmakke wurde kin. Dêrmei stiet ek it reedrydseizoen faai.
Thialf út de loft wei © ANP
Thialf hold 'serieus rekening' mei in enerzjykompensaasje. Dy ferwachting kaam troch petearen en sinjalen, twa yntsjinne moasjes en de berjochtjouwing fan it Ryk wêrby't kompensaasje foar swimbaden en iisbanen yn ien azem neamd waard.

Fraach oan Den Haag

Yn de hjerstnota die lykwols bliken dat dêr gjin romte foar it. Dêrmei is sluting takom jier 'onvermijdelijk', sa stiet yn de brief. As it safier komt soe ek in soad kennis en ûnderfining foar topsportakkommodaasjes ferlern gean.
Provinsjale Steaten en gemeente Hearrenfean binnne oandielhâlders, mar kinne gjin ekstra bydrage mear jaan. Sy hoopje dat it Ryk ferantwurdlikens nimt.
Moandei praat de Twadde Keamer oer de sportbegrutting. Thialf hopet op foarstellen fan de Keamer.
Minne Dolstra