Goed tûzen spegelkarpers útset yn Fryske boezem om stân op peil te hâlden

De karper wurdt metten © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Sportfiskerij Fryslân set hjoed 1.200 spegelkarpers út. Dat bart op ferskate lokaasjes yn de provinsje. De fiskers wolle sa de karperstân op peil hâlde.
It is in goed draaiende masine. Ien man hellet de karpers op yn in grize bak, in oar pakt se der út, dan wurde se op de foto set. Eltse karper kriget in unyk nûmer. Sa kin maklik achterhelle wurde hokker fisk it is en wêr't dy weikomt.
De spegelkarper wurdt útset © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"We halen zo ontzettend veel data op", seit Daniël Takken. Hy is binnen sportfiskerij Fryslân ferantwurdlik foar it projekt. "We weten precies waar ze zijn uitgezet en dus ook waar de vissers ze uit het water halen en weer terugzetten. Over een aantal jaren willen we daar een wetenschappelijk artikel over publiceren. Over hoe de karpers migreren."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by it útsetten
No draait alles om it fêstlizzen fan it unike patroan fan de karpers. "Se ha allegear in soarte fan eigen fingerôfdruk", seit frijwilliger Mathijs Jansma. "It skobbepatroan fan eltse karper is unyk. Se binne prachtich om te sjen en moai om op te fiskjen."

Striid

It draait dan benammen om de striid. De karper is in sterke fisk dy't him net altyd like maklik fange lit. De sportfiskers sels soargje goed foar de fisk as se him út it wetter helje, seit Jansma: "Nei't we him derút helle hawwe, sjogge we him nei, as er in ferwûning hat meitsje we dat skjin en sette we him werom. Sa kinne se ek hiel âld wurde."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Gjin skea foar de natuer

Dat der safolle karpers útset wurde, hat gjin konsekwinsjes foar de natuer, seit Daniël Takken. "Alles is doorgerekend. We hebben duidelijke afspraken met Wetterskip Fryslân en die moeten ook toestemming geven. Alles wordt dan weer vastgelegd in een visplan."
De fisk is in rôfbist en yt sels wjirms, slakken en ûnder oare ek kreeften. "Daar zitten er hier best veel van dus de karpers kunnen er goed van eten en mooi groeien", seit Takken. Se kinne dan ek behoarlik swier wurde. In grut eksimplaar is al gau in kilo as 20.
Goed tûzen spegelkarpers útset yn Fryske boezem om stân op peil te hâlden