Symboalyske dyk by Holwert as protest tsjin gaswinning ûnder Waad: "Doe het niet"

© Hayo Bootsma, Omrop Fryslân
By Holwert bouwe aksjefierders fan Miljeudefinsje en de Waadferiening dizze middei mei sânsekken in dyk foar de Waadsee. Dêrmei wolle se har hearre litte tsjin de plannen foar ekstra gaswinning ûnder de Waadsee.
It giet om in symboalyske dyk fan ien meter. De aksjefierders rjochtsje har op Shell, om't dat bedriuw yn ôfwachting fan in fergunning foar nije ierdgaswinning ûnder de Waadsee is.
Der binne sa'n 400 man by it protest oanwêzich by it stânbyld fan de twa froulju fan Jan Ketelaar. Dy hawwe in dúdlik boadskip: "Doe het niet!"
In groepke fan sa'n tsien fytsers is moarns út Ljouwert ôfset nei Holwert. Dirk Kuiken, bekend as de Friese Luchtfietser, fytst ek mei. Hy is tsjin de gasboarringen fanwegen de risiko's as boaiemdelgong. "Mooglik ferdwynt it Waad oer in oantal jier. Yn dizze tiid fan kliimaatkrisis is it absurd om noch nije projekten foar fossile yndustry te begjinnen."
Symboalyske dyk by Holwert as protest tsjin gaswinning ûnder Waadsee
Foarich jier is Kuiken fan Ternaard nei Den Haag fytst dêr't de rjochtsaak fan Shell tsjinne. Hy fynt dat it bedriuw syn ferantwurdlikheid yn de klimaatferoaring nimme moat en dat der ynset wurde moat op oare foarmen fan duorsume enerzjy.
Dirk Kuiken
Dirk Kuiken © Omrop Fryslân, Ronnie Porte