Lubbert Jan de Vries

De earste ynslach

logo.ensafh

 

 

 

Meast
Nei de earste ynslach
Strûpe guon fermogens derûnder

Rekkene neffens de klap
Krekt oerein
Net betize oer belies jaan
Weagje wy ús
Yn de nacht
Oer it skansearre paad

Sûnder bangens foar de grutte fan dit lijen
Net hindere troch staffens en nachtblinens
En miskien de sinleazens fan dit protest

Om lûd en sicht werom te heljen

Rekkene neffens de slaggen fan it hert
Ivich betûft en nea fernuvere
Weagje wy ús
Yn de nacht
Op wei yn it skeinde lichem
Mei foarop de wite flagge

Wilens
Komme de fermogens stiloan oerein
Longerje yn de nearens
Sy binne fan ús
Wy hâlde fan har
Bongelje fierder
Sette sa troch nei moarnier
It gehoar wer klaaid mei lûd
It sicht mei ljocht

Soks is reden om fleurich te wêzen

Lykwols

Betink
Leafde & freonlike wurden sille omkomme
Fermogens derûnder strûpe
Dochs fergean
As dat allegear in rimpen & ûnbetochtsume died is
En aansens yn ferneukt nije sprake
It útmergele & oanfretten bestân op tafel leit (in misdied)
Leafde & freonlike wurden sille omkomme

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *