Oranjewâldster iisklup hat wer eigen klupgebou

Gebou fan de iisklup yn Oranjewâld © Omrop Fryslân, Esther Leystra
De iisklup yn Oranjewâld hat lang om let wer in eigen klupgebou. Mei help fan sponsors is genôch jild byinoar garre en mocht âld-shorttrack bûnscoach Jeroen Otter it iepenje.
Yn jannewaris 1929 is de klup oprjochte. De iisbaan is yn 1995/96 fuorthelle doe't de A32 ferbrede waard. Yn 2000 is de nije iisbaan op it hjoeddeistige plak yn gebrûk naam. Doe is ek in keet oanskaft as klupgebou foar by de baan, dy is no ferfongen.
Oranjewâldster iisklup hat wer eigen klupgebou
"We ha twa konteners yn Rotterdam kocht en dy ha we opknapt", seit foarsitter Jaap van der Zee. Se binne mei platen betimmere troch bestjoersleden en frijwilligers út it doarp.
No is it fansels wachtsjen op winterwaar. "As der iis leit, al is it mar twa dagen, dan binne we bliid dat we wat biede kinne. Net allinne foar it doarp, mar ek foar de skoaljeugd út it doarp en de omlizzende wiken. As moarn de winter ynfalt, binne wy der klear foar."
Yn it gebou fan de iisklup yn Oranjewâld © Omrop Fryslân, Esther Leystra