FIDEO: Tsjerketsjinst yn De Karmel yn Wâldsein
Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Dizze moanne komt de tsjinst út De Karmel yn Wâldsein wei.
Foargonger is dûmny R. Bosman-Romkema. S. Wouda begeliedt de tsjinst op it oargel. Fierdere muzikale meiwurking is der fan it bernekoar fan de Meester van der Brugskoalle en it mingd koar Nije Moed út Easthim.
Besjoch de liturgy fan de tsjinst.