Gemeente Hearrenfean hopet op stipe fan it Ryk foar Thialf, lûkt sels net de beurs

Wethâlder Sybrig Sijtsma © Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean is net fan doel de beurs te lûken as it Ryk gjin jild útlûkt foar iisstadion Thialf. Direkteur Minne Dolstra skreau ôfrûne wike yn in brief oan de Twadde Keamer dat in sluting yn 2023 'onvermijdelijk' is as der net fluch stipe komt.
Der is earder oankundige dat Thialf gjin enerzjykompensaasje krijt. Wethâlder Sybrig Sijtsma fan de gemeente Hearrenfean hopet dat dat weromdraaid wurdt. "Wij zijn echt onaangenaam verrast dat er geen steun kwam."

"Ernst van het probleem niet doorgedrongen"

Thialf hold ek 'serieus rekening' mei in enerzjykompensaasje. Dy ferwachting kaam troch petearen en sinjalen, twa yntsjinne moasjes en de berjochtjouwing fan it Ryk wêrby't kompensaasje foar swimbaden en iisbanen yn ien azem neamd waard.
"We hebben een overbrugging nodig en ik hoop dat er wel waardering is voor wat Thialf is", seit Sijtsma. "Misschien is de ernst van het probleem niet goed doorgedrongen. We hebben gewoon niks aan de toekomst als we niet eerst deze moeilijke periode doorkomen."
Neffens Sijtsma "zou het heel erg zijn" as Thialf ticht moat. De gemeente sil de Twadde Keamer oproppe om Thialf dochs te stypjen en en de enerzjykosten te kompensearjen.

Gjin aksje fan gemeente en provinsje

De wethâlder hat der betrouwen yn dat dy kompensaasje der dochs noch komme sil, mar mocht it Ryk de beurs net lûke, dan binne de gemeente en de provinsje net fan doel om ekstra by te springen. "We hebben de afgelopen tijd samen al veel geïnvesteerd in Thialf. Dit is gewoon een onvoorziene omstandigheid. Voor ons als provincie en gemeente houdt het hier ook een beetje op. We hebben het Rijk nu echt nodig."
Sijtsma tinkt dat it in foardiel is dat Thialf ek in topsportlokaasje is. "We verwachten eigenlijk wel dat het Rijk zegt: 'we moeten daar wat aan doen om dat te behouden'."
Wethâlder Sybrig Sijtsma