Befeiliging by hûs boargemaster Veenstra fan De Fryske Marren

Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân
It hûs fan boargemaster Fred Veenstra fan de gemeente De Fryske Marren wurdt befeilige. "Er is sprake van een mogelijke bedreiging aan het adres van de burgemeester en daarom zijn er tijdelijke maatregelen genomen", seit in wurdfierder fan de plysje.
Watfoar maatregels dat krekt binne, is net bekend. Wol is te sjen dat der betonblokken by it hûs pleatst binne. It is net bekend út watfoar hoeke de driging komt.
Boargemaster Fred Veenstra reagearret op de mooglike driging. 'De mooglike driging hat ympakt. Net allinne op mysels, mar foaral op myn omjouwing. Ik fyn it spitich dat der tydlike feilichheidsmaatregels nedich binne en hoopje dat dizze situaasje gau foarby is.'