Twa Friezinnen stean yn finale fan Ouderen Songfestival
Oan de finale fan it Ouderen Songfestival dogge twa Friezinnen mei: Joke Schilling fan Drylts en Trienke Hoogenberg út Ljouwert.
Se stean 11 desimber mei 14 oare finalisten yn Amsterdam. Dêrby wurde se begelaat troch it Ouderen Songfestival Orkest.
Beide froulju ha earder meidien oan it festival foar sjongleafhawwers fan boppe de 55 jier. Joke Schilling en Trienke Hoogenberg waarden beide alris in kear twadde.