Twadde Keamer: "Ferdieling jild ynfrastruktuer moat earliker"

Habtamu de Hoop © ANP
It liket derop dat it kabinet de reservearring fan 3 miljard foar de Lelyline misbrûkt as argumint om fierder net of amper yn it noarden te ynvestearjen. PvdA-Keamerlid Habtamu de Hoop sei dat fan 'e moarn yn it keamerdebat oer it Mearjierreprogramma Ynfrastruktuer.
It kabinet makke koartlyn bekend dat it de kommende jierren 7,5 miljard ynvestearje wol yn ynfrastruktuer. Fan dy miljarden wurdt mar fjouwer persint yn Noard-Nederlân útjûn en fierwei it measte yn de Rânestêd. De Hoop neamde dy ferdieling ûnearlik.
De Hoop fynt dat we oars nei iepenbier ferfier sjen moatte: minsken op it plattelân hawwe likegoed rjocht op iepenbier ferfier as minsken yn de grutte stêden, fynt it Fryske Keamerlid. Hy seit dat de takomst fan dit lân net allinnich yn de Rânestêd leit. "De Hoop pleitet dêrom foar in 'kentering' yn it belied; de tiid dat it measte jild nei de Rânestêd giet moat neffens him mar ris foarby wêze", seit polityk ferslachjouwer Onno Falkena.

Alle wiken njoggen oeren oan steuringen

Der giet bygelyks gjin jild nei de spoarferbining Ljouwert-Zwolle en ek net yn de Nedersaksenlijn fan Grins nei Emmen. Mar de Twadde Keamer sjocht der oars tsjinoan. "Wij moeten het noorden niet in de steek laten", ferklearre VVD-Twadde Keamerlid Fahid Minhas. Hy frege steatssekretaris Vivianne Heijnen fan iepenbier ferfier om it knyppunt Meppel mei faasje oan te pakken.
It spoar tusken Meppel en Zwolle, dêr't alle treinen út Ljouwert en Grins del moatte, hat alle wiken te meitsjen mei sa'n njoggen oeren oan steuringen. Falkena: "It kabinet is net fan doel om dêr wat oan te dwaan, ek al fine sa'n bytsje alle partijen dat dat gau oanpakt wurde moat."
Minhas fynt ek dat de HRMK-spoarbrêge yn Ljouwert én it Ljouwerter spoarstasjon oanpakt wurde moatte om it spoarferkear nei Ljouwert te ferbetterjen.

Lobby fan Noard-Nederlân

De noardlike provinsjes hawwe de ôfrûne wiken drok lobbyd foar mear ynvestearringen yn de ynfrastruktuer. Dat boadskip is goed oerkommen yn de Twadde Keamer.
Fan VVD oant SP, eltse partij is fan miening dat it jild earliker oer Nederlân ferdield wurde moat. Der waard dêrby ek wiisd op it feit dat it iepenbier ferfier yn de regio's bûten de Rânestêd folle minder goed is.
Der is in soad omtinken foar it debat: de publike tribune sit fol. Midden op de earste rige sitte boargemaster Buma fan Ljouwert en VVD-deputearre Avine Fokkens. Sy hawwe de ôfrûne wiken hast alle dagen kontakt hân mei de wurdfierders fan de Keamerfraksjes.
"Der dogge ek folle mear partijen as oars mei oan dit Keamerdebat", seit polityk ferslachjouwer Onno Falkena. "Dat is logysk, want it giet om in soad jild - 7,5 miljard - en it giet om hiel konkrete besluten. Krijt Ljouwert no wol of net in spoarakwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal? It giet om besluten foar de langere termyn, want oanlis fan ynfrastruktuer is djoer en duorret faak ek jierren."
De spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert © Omrop Fryslân
Ien fan de Keamerleden dy't pleite foar in spoarakwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch, wie CDA'er Harry van der Molen. Foardiel dêrfan is dat treinen dan probleemleas trochride kinne. Boppedat is it goed foar de wentebou oan de súdkant fan it kanaal, wie syn argumint.
Steatssekretaris Heijnen en minister Harbers moatte noch reagearje op de suggestjes fan de Keamer. It stânpunt fan de steatssekretaris is oant no ta dat de hjoeddeistige spoarbrêge noch tsientallen jierren mei kin en ferfanging net nedich is.

Moasjes fan de Twadde Keamer

Falkena ferwachtet dat guon partijen noch mei moasjes komme dy't oproppe ta mear ynvestearringen yn Fryslân, Grinslân en Drinte.
Sa fynt De Hoop dat it kabinet mar ophâlde moast mei it plan om de autodyk by Utrecht te ferbreedzjen. Falkena: "Dat smyt ek stikstofromte op, dy't dan brûkt wurde kin foar it ferbetterjen fan it iepenbier ferfier. Oare partijen, lykas de VVD, tinke dêr wer hiel oars oer."
Van der Molen wol dat it stasjon fan Ljouwert oanpast wurdt, sadat der faker in trein fan Ljouwert nei Snits ride kin. Foar in fjirde trein tusken Ljouwert en Snits is no gjin romte.
It debat duorret noch oant 20.00 oere. Nei de minister en de steatssekretaris komt de Keamer wer oan it wurd.