Koade giel fanwegen tichte mist by súdwestkust en Waadgebiet

Mist op 'e dyk © ANP
It KNMI hat foar Fryslân koade giel ôfkundige fanwegen de mist. Benammen op en om de Iselmar en it Waadgebiet hinne komt pleatslik tichte mist foar.
Neffens it waarynstitút is it by de súdwestkust it slimst, op guon plakken is it sicht minder as 200 meter. It KNMI freget it ferkear om wach te wêzen. Yn de nacht kin der op mear plakken tichte mist ûntstean.
De warskôging jildt foarearst fan moandeitemiddei 15.00 oere oant tiisdeitemoarn 10.00 oere.

Noch net oer mei de mist

It heart by de tiid fan it jier, mar de mistbanken binne noch net klear mei Fryslân. "Efter it front dat hjoed oerdeis nei it noardeasten fuortlutsen is, hawwe wy lege bewolking en min sicht. It ferkear moat ek mar rekken hâlde mei de mist. As ik nei bûten sjoch, dan haw ik ek sa'n 250 meter sicht", seit waarman Jan Jonkman.
Yn de nacht is it drûch en bewolkt, foarseit Jonkman: "En de mist bliuwt ek noch wol. Moarnier hawwe wy earst ek wer dy mistbanken. Yn de moarntiid sil de dize stadichoan wer wat oplosse. Mar yn de nacht hawwe wy wer kâns op swiere mist."
Dêrmei is it noch net oer, want ek woansdei is der neffens Jonkman sprake fan lege bewolking en dan kin mist in hiel skoft hingjen bliuwe.