Gais Meinsma, it ferhaal ferteld troch har beppesizzer

Gais yn 'e krante © Gerko Jonker
Geert Mak neamt har 'in ûnôfhinklike geast' en 'de gûverneur fan Jorwert'. Gais Meinsma (1926-2019) wie mei har selsstannich tinken en hanneljen, as frou har tiid fier foarút. Yn de FryslânDOK fan Larissa Lokenberg fertelt beppesizzer Gaiske Meinsma it ferhaal fan har bekende beppe Gais, dêr't se nei ferneamd is.
Gaiske wol har beppe better kennen leare. Se wie noch mar in jong famke doe't demintens de sûnens fan beppe oantaaste. Mei de help fan minsken dy't har goed kend hawwe, komt it byld fan in lang en bysûnder libben foar it ljocht.
Ien fan dy minsken is Geert Mak. Doe't hy healwei jierren '90 it boek 'Hoe God verdween uit Jorwerd' skreau, keas hy Gais Meinsma as syn haadpersoan. Gais makke de ûntwikkelingen fan it doarp yn de foarige iuw mei en spile dêr in sintrale rol yn.
Gais Meinsma as jonge frou © Eigen foto
Gais wie koerierster yn 'e oarloch, mem sûnder man, sosjaal wurker, mei-oprjochter fan it Jorwerter iepenloftspul, earste frou yn de tsjerkeried en earste frou yn 'e gemeenteried. Mar ek ûnheil gong har doar net foarby. Har man Hendrik en ek soan Jan diene harsels tekoart. Letter kaam har jongste soan Ids, de heit fan Gaiske, te ferstjerren oan de gefolgen fan MS.
Programmamakker Larissa Lokenberg
Dochs bleau Gais oerein en it ferbinende waarme hert fan Jorwert. Beppesizzer Gaiske hopet dan ek dat se mear mienskiplik mei har beppe hat as allinnich de namme.
Gaiske Meinsma op 'e fyts © Gerko Jonker
FryslânDOK: 'Gais'
Sneon 17 desimber NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.10 oere)
Snein 18 desimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.