Grutte brân yn wenpleats mei reidtek op De Gordyk

Grutte brân wenpleats De Gordyk © ProNews Producties
By in grutte brân is freedtenacht in wenpleats op De Gordyk foar in grut part ferlern gien. Gjinien rekke ferwûne. De bewenners wiene net thús.
De brân oan de Hegedyk bruts efkes foar healwei trijen út. It pleatske hat in reidtek. Der kaam in soad reek frij dy't oer De Gordyk luts
De brânwacht skaalde al gau op nei tige grutte brân. Meardere korpsen waarden oproppen en besochten mei-inoar it fjoer te bestriden. Ynset wie it wenhûs fan de pleats te behâlden en oerslach nei in skuorre achter de wenning foar te kommen.