Mear nêsten strânbrieders op griene strân tusken Ballum en Hollum op It Amelân

It griene strân fan It Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It tal saneamde strânbrieders op it griene strân op It Amelân is dit jier tanaam. Dat meldt it Natuurcentrum Ameland dat de briedgefallen ynventarisearret foar Rykswettersteat.
Rykswettersteat is ferantwurdlik foar it gebiet oan de Noardsee tusken Ballum en Hollum. It natuersintrum fan It Amelân hat achttjin nêsten teld fan it dûkelmantsje en santjin fan de lytse stirns. Der kaam ien spantsje bûnte wilsters ta brieden, mar dêrfan is gjin inkelde pyk grut wurden.
It tal briedgefallen fan de dûkelmantsjes wurdt sûnt dat 2017 byhâlden. Der hawwe noch nea safolle west as no. Dêr stiet foaroer dat iit tal piken dat it oerlibbe hat mei sa'n acht stiks leger is as ferline jier.

Seldsume fûgels

Strânbrieders binne oer it algemien seldsume fûgels dy't it benammen troch rekreaasje op strannen dreech hawwe om piken grut te krijen, mar ek trochdat se op iepen plakken briede dêr't rûch waar in soad ynfloed hat.
Op it griene strân op It Amelân binne maatregels naam om nêsten te beskermjen, mar der is gjin tafersjoch. En boppedat, as de aaien útkaam binne, gean de piken út it beskerme gebiet wei, wêrtroch't se dochs wer kwetsber binne foar minsklike aktiviteiten.