Doarpen oan spoar Ljouwert-Harns wolle dat Arriva nije tsjinstregeling weromdraait

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Tsien doarpsbelangen oan it spoar tusken Ljouwert en Harns hawwe in brief stjoerd oan Provinsje Fryslân mei harren beswieren tsjin de feroare tsjinstregeling fan Arriva.
Sûnt 11 desimber hâldt de trein by de stasjons Deinum en Dronryp noch mar ien kear yn 'e oere stil. Earder wie dat twa kear yn 'e oere. Dat is tsjin de konsesjeôfspraken mei de provinsje yn. De doarpsbelangen wolle dat de provinsje by ferfierder Arriva derop oantrunet de feroaring werom te draaien.
Remko Visser fan doarpsbelang Deinum, ien fan de ûndertekeners fan de brief, neamt de feroaring yn de tsjinstregeling 'ûnwinsklik'. "It giet ek net allinnich mar om Deinum en Dronryp, mar ek om Baaium, Blessum, Boksum, Jellum-Bears, Marsum, Ritsumasyl, Winsum en Wjelsryp."
It stasjon fan Dronryp © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Troch de oanpassing reitsje de doarpen harren fleksibiliteit kwyt, seit Visser. "De oansluting mei de trein nei Grins en rjochting It Hearrenfean en Zwolle is der wol, mar de keuze is minder en der stiet mear druk op. Net allinnich moarns, mar ek middeis en jûns. En net allinnich foar skoalbern, mar ek foar studinten en wurkjende âlden."
It beslút fan Arriva kaam as in folsleine ferrassing foar de doarpen, fertelt Visser. "Dat is ek it kwealike oan dizze saak. Op 29 novimber is it yn de krante kaam en twa wiken letter is de tsjinstregeling ynfierd. Dus dat is in hiel koart tiidsbestek."
It is kwealik dat der net mei ús praat is.
Remko Visser fan doarpsbelang Deinum
"It is kwealik dat der net mei ús praat is", ferfolget Visser. "Der wurdt wol sein dat der praat is mei reizgersorganisaasjes, mar wat witte dy fan dit gebiet?" Hy fynt it ek tige ferfelend foar de minsken dy't op de trein oanwiisd binne. "Dy moatte binnen twa wiken tiid in alternatyf sykje."

Tydlike feroaring

Neffens wurdfierder Jacoba Hoeksma fan Arriva giet it om in tydlike feroaring fan de tsjinstregeling en hat dy te krijen mei personielskrapte. "Dat is natuerlik hartstikke spitich foar ús reizgers. De ôfrûne perioade ha we sjoen nei hoe't we ús personiel noch effisjinter ynsette kinne en we dochs wer opskale kinne."
Yn Fryslân en Grinslân is der mei de helte opskaald, seit Hoeksma. "Dat betsjut dat we ek wer de helte mear riden geane. Spitigernôch binne Deinum en Dronryp dêr wol de dupe fan wurden op dit momint."

Swiere beslissing

Troch net stil te hâlden by de beide doarpen kin der tiid besparre wurde by it stasjon op de haven fan Harns en slute de treinen better oan op dy nei Grins en Zwolle, fertelt Hoeksma. "It wie in hiel swiere beslissing, mar we ha der dochs foar keazen om it grutste part fan ús reizgers op dizze manier te betsjinjen."
Arriva hopet sa gau as mooglik de feroaring weromdraaie te kinnen, mar kin noch net sizze wannear't dat wêze sil.