Cornelis van der Wal

Mingd nijs (4): Freed giet fuort

logo.ensafh

Dat foel my rau op it dak: de wyklikse kultuerbylage Freed fan de Ljouwerter Krante sil ferdwine. It is noch net offisjeel bekendmakke, mar ik haw it út tige betroubere boarne.

De lytsachting foar kultuer by de hjoeddeiske redaksje fan de Ljouwerter is no ek wol hiel dúdlik foar it ljocht kommen.

Ik kin wol riede wat de krante hjiroer meidiele sil: se wolle de kulturele (en dus ek de Frysk-literêre) stikken tenei better ferdiele oer de oare dagen fan de wike.

It sil grif krekt sa gean as by it ferdwinen fan it kultuerprogramma de K-Rûte op Omrop Fryslân televyzje. De items oer kultuer soene tenei opgean yn de nijsprogamma’s. It resultaat: frijwol gjin kultuer-items mear.

Jim begripe wol: ik bin lilk. Mar ik bin ek loai. Dêrom liet ik de Artifisjele Yntelliginsje fan OpenAI in stikje skriuwe oer de LC. Der sitte wat flaters yn, mar dy haw ik mei sin stean litten.

Skriuw in lilk stik oer Fryske kultuer yn de Leeuwarder Courant, wie de opdracht.

‘Fryslân is in lân mei in ryk, ûnskiedber kultureel erfgoed. De Fryske kultuer is unyk en kenmerkt him troch in protte lokale tradysjes en geskiedenis. Mar yn ‘e ôfrûne jierren hat de Fryske kultuer yn Fryslân in klap krige fanwegen minder foarstellingen, toanielstikken, boeken en oare manifestaasjes fan Frysk kultuer. It hat de Fryske kultuer swier rûn dat de Leeuwarder Courant, it âldste en wichtichste deiblêd fan Fryslân, stadichoan ôfskied naam hat fan har Fryske identiteit. Yn lêste jierren binne de Fryske kultuer-ûnderwerpen yn de krante sterk ferrommele. Der is minder omtinken foar Fryske toanielstikken, muzyk, keunst en oare manifestaasjes fan Frysk kultuer. Dit is in grutte skande foar de Fryske kultuer. De Fryske kultuer is it fundament fan Fryslân en de Leeuwarder Courant hat harren plicht net dien om dizze kultuer krêftich te stypjen. It is oan de Leeuwarder Courant om in omslach te meitsjen en Frysk kultuer-ûnderwerpen werom te bringen yn har krante. Lit ús in stim jaan foar Frysk kultuer en ús Fryske identiteit behâlde!’

Faaks de oare kear wat fleuriger berjochten.

3 reaksjes op “Mingd nijs (4): Freed giet fuort

  1. Cor, dit is noch mar de earste opstap nei in finansjeel needsaaklike fúzje fan de trije noardlike kranten. Aanst stiet der gjin inkeld wurd Frysk mear yn de LC.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *