Reedride no't it noch kin op iisbanen en ûnderrûne stikken lân

De iisbaan fan Donkerbroek © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der leit op guon plakken noch iis, Mei it teiwaar kommendeweis wolle in protte minsken fan de gelegenheid gebrûk meitsje om, no't it noch kin, te reedriden.
Hûnderten riders tôgen snein nei it Nannewiid om te genietsjen fan de iisflier. Ek op de Jan Durkspolder en op de Grutte Wielen by Ljouwert waard riden.
Ride op it Nannewiid
Ferskate iisbanen wiene ek iepen, lykas dy yn Donkerbroek en Bûtenpost.