Hoe't de iisklup fan Burgum de earste maraton op natueriis binnen sleepte

Willem Provily fan de iisklup © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
In histoaryske dei wie it woansdei doe't foar it earst yn Burgum in reedrydmaraton op natueriis hâlden waard. Buro de Vries folge tiisdei de hiele middei en jûn de tariedingen dy't nedich wiene om de fereaske trije sintimeter iis te krijen.
Se hienen it noch nea dien en dêrom tochten se lykas Pippi Langkous wol dat se it koene: de frijwilligers fan de iisbaan Burgum. Se troeven alle grutte favoriten ôf en mochten it grutte evenemint organisearje.
Troch de oanlis fan de Sintrale As waard de âlde iisbaan fan Burgum ferfongen troch in skeelerbaan mei asfalt. Dêrtroch wie it mooglik om ek in goai te dwaan nei de organisaasje fan de earste maraton op natueriis. Mar dan moat alles wol byelkoar komme.
De brânwacht waard ynskeakele om it oerstallige wetter ûnder it iis fuort te pompen, de gemeente soarge foar de parkearplakken en de lokale boere-arbeider ried de hiele nacht rûntsjes om it iis op tsjokte te krijen.
Ferslachjouwer Roelof Lousma folge de organisaasje fan de earste maraton op natueriis yn Burgum
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.