FNP wol referindum oer Diftar yn gemeente Ljouwert

Jan Willem Tuininga © Omrop Fryslân
As it nije Diftar-systeem evaluearre wurdt, moat der tagelyk in referindum holden wurde. Dat sei FNP-fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Ljouwert Jan-Willem Tuininga yn it radioprogramma Buro de Vries.
De FNP hat him altyd fûl ferset tsjin de ynfiering fan it Diftar-systeem, werby't boargers foar it ôffal betelje moatte. De foarstanners fan it systeem tinke dat minsken har ôffal better skiede sille as der in finansjele prikkel oan fêst sit. Tsjinstanners tinke dat der aansten folle mear yllegaal ôffal dumpt wurde sil yn de natoer.

Evaluaasje

It doel is om nei in healjier dit nije systeem te evaluearjen. FNP-fraksjefoarsitter Jan-Willem Tuininga fynt dat op dat stuit dan ek in referindum holden wurdt, lykas yn Arnhem ek dien is. Dêr is it Diftar-systeem nei de evaluaasje en it referindum wer ôfskaft.
Ik fyn in evaluaasje nei in heal jier wol oan de betide kant.
Jan-Willem Tuininga
"Ik fyn in evaluaasje nei in heal jier wol oan de betide kant. Ik wit net wat it kolleezje dêrmei foar hat, mar ik soe leaver sjen dat der nei in jier evaluearre wurdt en dan moat der op dat stuit ek oan de ynwenners frege wurde hoe't it har foldocht en oft se dermei trochgean wolle", sei Tuininga.
Diftar wurdt op 1 jannewaris ynfierd yn de gemeente Ljouwert. Dan betelje alle húshâldings alle kearen dat de grize kontener lege wurdt, in euro foar dy leging en dêr boppeop noch njoggen sint de kilo ôffal. Dat is in relatyf leech bedrach, sadat boargers deroan wenne kinne.
It nijsfoarum (Mariëlle Nijland, Joyce Walstra en Jan-Willem Tuininga) oer de ynfiering fan Diftar
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Harkje dizze podcast foar it wikeoersjoch en de folsleine diskusje.