Koade oranje: kâns op glêdens, sizze KNMI en Rykswettersteat

© Omrop Fryslân
It KNMI jout foar sneintejûn in koade oranje ôf foar Fryslân. Dat yn ferbân mei ferwachte glêdens.
Neffens it waarynstitút lûkt der oan de ein fan de middei en yn de jûntiid in delslachgebiet oer it lân. Dat begjint yn it súdwesten en lûkt stadichoan nei it noardeasten. "Aan de voorzijde van dit gebied kan het verraderlijk glad worden door ijzel en/of neerslag op een bevroren ondergrond." De glêdens kin in pear oeren duorje.
Yn Seelân, Noard-Brabân en Súd-Hollân ha der al ferskate ûngelokken west, seit Rykswettersteat. De ferwachting is dat it noarden fan it lân tusken 21.00 en 02.00 oere lest ha kin fan glêde diken.
Rykswettersteat advisearret net de dyk op te gean. "Er is sprake van zeer verraderlijke gladheid en dus gevaarlijke rij-omstandigheden. Het aantal ongelukken op de weg neemt toe, meerdere snelwegen zijn afgesloten", seit in wurdfierder.