Dûmny Corry Nicolay fiert har 'wedergeboorte' nei in swiere hertoperaasje

Corry Nicolay © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
As in frou lêst fan it hert krijt, is dat oars as dat in man dat hat. In frou sil dus ek oars behannele wurde moatte. It is de fêste oertsjûging fan dûmny Corry Nicolay, dy't sels it libbene bewiis fan dy stelling is.
De dûmny hie lêst fan hertsteuringen. "Boezemfibrileren, noemden ze het", fertelt Corry Nicolay yn it radioprogramma Buro de Vries. Har kardiolooch skreaun hieltyd oare medisinen foar, mar neat holp. It waard allinne mar slimmer.

Ofskied

"Ik heb op een bepaald moment afscheid genomen van mijn gemeente, want het ging gewoon niet meer. Ik had helemaal geen energie meer." Nicolay fielt har yn dy tiid sa min dat se yn gedachten al dwaande is mei de dea.
Corry Nicolay wie jierrenlang foarsitter fan de Raad van Kerken yn Fryslân. Fierder is se mei-oprjochter fan it platfoarm libbensbeskôging yn Kleurryk Fryslân. Fanút acht ferskillende leauwen en libbensbeskôgingen wurkje minsken oan de opbou fan in multykulturele maatskippij yn Kleurryk Fryslân. Se hat ek boeken skreaun en is spesjalisearre yn ynterkulturele kommunikaasje.
In freondinne wiist har op in froulike kardiolooch yn it sikehûs fan Zwolle: Angela Maas. Dizze dokter is in autoriteit op it mêd fan 'it frouwehert'. Nicolay freget in second opinion oan en dizze Angela Maas seit tsjin har dat se slim siik is.

Ablatie

Der folget in saneamde ablatie, werby't de pasjint by kennis is en allinnich pleatslik ferdôve wurdt. De sjirurch giet mei in buiske fia de ljisk nei it hert en blokkearret de elektryske prikkels yn it hert dy't it ritme fersteure.
De operaasje duorret trijeënheal oere en nei ôfrin is Corry Nicolay fernuvere oer it bonken fan har hert. Se is benaud dat it net goed gien is, mar it tsjinoerstelde is it gefal: it is krekt hiel goed gien. "Dit is een normale hartslag. Zo hoort het te voelen", stelt in ferpleechster har gerêst.
Dûmny Corry Nicolay fertelt oer har hertoperaasje
Nei de operaasje folget noch in refalidaasje en dûmny Nicolay knapt hielendal op. It fielt as in 'wedergeboorte' fertelt se. "De datum van de operatie was een dag voor mijn verjaardag. Tegenwoordig vier ik de ene dag mijn wedergeboorte en de dag erna mijn verjaardag."
In heal jier lyn krige Corry Nicolay in harsenynfarkt. Dêr is se noch fan oan it opknappen.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.