Koade oranje wer ynlutsen: de kjeld is foarearst út ‘e loft

Der is omraak mei sâlt struid © ANP
It KNMI hat koade oranje om 06.00 oere hinne wer ynlutsen. Pleatslik kin it noch wol glêd wêze, dêrom jildt yn Fryslân noch in pear oerkes koade giel.
De temperatuer rint út it súdwesten wei op en dêrmei ferdwynt ek de glêdens. Om 08.00 oere hinne einiget ek koade giel.
Neffens waarman Jan Jonkman soe it benammen troch iisresten en op de plakken dêr't net struid is noch glêd wêze kinne, want de ûndergrûn is noch wol kâld. De sudewyn makket lykwols dat de waarsomstannichheden feroarje en it winterwaar ferdwynt.
Rykswettersteat hat yn hiel Nederlân sa'n 12 miljoen kilo sâlt struid, benammen yn it suden fan it lân wiene in soad ûngelokken: krekt nei 22.00 oere hiene der sa'n 150 ynsidinten op de dyk west. Yn it noarden foel dat ta, om't it pas folle letter op de jûn glêd waard.