Dyk tusken Quatrebras en Burgum twa dagen ticht fanwegen asfaltwurk

De Oude Commissieweg by Quatrebras (argyf)
© Google Street View
De Oude Commissieweg by Quatrebras is twa dagen ticht. De dyk noardlik fan Burgum is ôfsletten om't der asfaltearre wurdt. Dat wurk is ûnderdiel fan de werynrjochting fan de N355 tusken Quatrebras en Twizel.
Op de Ryksstrjitwei (N355), dy't mei de Oude Commissieweg krúst, wurdt faak hurd riden en de krúspunten binne net oersichtlik. Dêrom wurde der no ûnder oare middengelieders en trottoirbannen oanlein. Yn de tuskentiid kin autoferkear omride fia ûnder oare Burgum, Drachten en Surhústerfean.
It wurk oan de súdkant fan it krúspunt fan Quatrebras is hast klear. Yn de krystfakânsje leit it wurk stil, mar it is neffens de provinsje de bedoeling dat it wurk healwei maart klear is, ûnder foarbehâld fan it waar.