Welcome to The Village giet net troch yn 2023, gjin alternative lokaasje fûn

Welcome to The Village yn 2017 © ANP
Der is gjin nije lokaasje fûn foar Welcome to The Village en dus giet it festival net troch yn 2023. De ôfrûne moanne waard dúdlik dat de eardere lokaasje, rekreaasjegebiet De Griene Stjer, pas yn 2025 juridysk klear is om eveneminten te ûntfangen.
Koartlyn besleat Welcome to The Village, mar ek Psy-fi en Promised Land, om gjin festivals mear te organisearjen yn De Griene Stjer, om't de gemeente Ljouwert net garandearje koe dat de fergunnings hoekhâlde soenen.
Der wurdt al jierren fochte tsjin de fergunnings foar de festivals yn it gebiet, om't dy yn striid wêze soenen mei natuerbelangen.
De ôfrûne perioade hat Welcome to The Village socht nei in alternative lokaasje. Der waarden petearen fierd oer in nij terrein yn in oare gemeente, mar dat is op neat útdraaid.
De organisaasje wol yn de takomst wol festivals organisearje bliuwe. Hoe, dat is noch net dúdlik.