Hallumer sûnder rydbewiis krijt 180 oeren wurkstraf foar 'dollemansrit' troch Ljouwert

In motorrider © Shutterstock
In Hallumer dy't sûnder rydbewiis op in motor troch de binnenstêd fan Ljouwert racede, is troch de rjochtbank feroardiele ta in wurkstraf fan 180 oeren en in rydûntsizzing fan 14 moannen.
Neffens de offisier fan justysje wie der sprake fan in 'dollemansrit'. De Hallumer helle in protte kaprioalen út om oan de plysje te ûntkommen. Sa hie hy 100 riden troch de beboude kom, naam hy in rotonde oan de ferkearde kant, ried er tsjin it ferkear yn en negearre hy in read ferkearsljocht.
De man waard úteinlik wol steande holden. It die bliken dat hy ûnder ynfloed wie fan alkohol en wyt. De Hallumer ferklearre letter dat hy skrokken wie fan de sirene fan de plysje-auto.
Njonken in wukstraf en in rydûntsizzing krige de man ek in selstraf fan fjouwer wiken ûnder betingst oplein. Boppedat waard de motor yn beslach naam.