Drachten moat offisjeel skûtsjehaadstêd fan 'e wrâld wurde

Regina Bijlsma yn petear mei Winfried Bruinsma © Omrop Fryslan
Drachten moat erkenning krije as skûtsjehaadstêd fan de wrâld en de Kening moat dat offisjeel befêstigje. Dat is alteast it doel fan aktrise en skûtsjeleafhawwer Regina Bijlsma.
Dizze dagen besiket Bijlsma op it skûtsje De Jonge Trijntje ferhalen te sammeljen oer dy skiednis fan Drachten.
Sy hat harsels in wike lang opsluten op it skûtsje yn it sintrum fan Drachten. Se wol it gefoel krije dat de minsken yn it ferline ek oan board hienen. "Ik hearde it iis kreakjen. Dan tinkst dat der ien oankomt, mar it is it iis."
It is nuver, sa seit Bijlsma, dat yn Drachten mar kwealik wat te sjen is fan it ferline. Der leit in skûtsje op de rotonde, fersuchtet de aktrise en skûtsjeleafhawwer, mar oft dat no in goed byld jout, is mar de fraach. Krekt dêrom hat se dat doel: erkenning foar de âlde yndustry dy't in soad foar it plak betsjutten hat.

Besmet mei it firus

Bijlsma kaam tsien jier werom yn oanrekking mei de skûtsjewrâld en rekke besmet mei it firus. No sjocht se it as har taak dy leafde oer te dragen: "Ik wol de ferhalen fêstlizze. Yn in podcast, mar ik wol der ek in kabaretfoarstelling fan meitsje. Dêr wol ik dan de boer mei op."
Mei dy foarstelling en alle ferhalen moat de skûtsjeskiednis fan Drachten nij libben ynblaasd wurde. "Minsken meie hjir bêst witte dat dit eins it berteplak is fan in soad skûtsjes. De measten út de SKS binne hjir makke. It moat by de Drachtsters wer yn de siel komme."
Regina Bijlsma op it skûtsje © Omrop Fryslân
Se kriget stipe fan skûtsjeskipper Riemer de Graaf fan de Doeke van Martena. Hy striidt al jierren foar mear erkenning fan Drachten as berteplak fan skûtsjes.
"Minsken kenne hjir allinnich Philips, Dunlop en De Lawei. It skûtsjesilen sit wol yn ús DNA, mar dat brûke se net wylst je der wol grutsk op wêze kinne." Regina Bijlsma sit noch oant en mei 23 desimber op it skûtsje.
Regina Bijlsma oer har plannen