Maarten Goudzwaard listlûker foar JA21 by Steateferkiezingen

Maarten Goudzwaard © Omrop Fryslân
Maarten Goudzwaard fan Ljouwert is op 15 maart listlûker fan JA21 mei de Provinsjale Steateferkiezingen. De partij hat de kandidatelist moandeitejûn bekend makke.
Goudzwaard sit op it stuit yn de Steaten as ûnôfhinklik Steatelid. Yn 2019 pakte Forum voor Democratie mei him as listlûker seis sitten by de ferkiezingen. Nei rebûlje stapte Goudzwaard út de partij en de lêste jierren siet er as ienmansfraksje yn de Steaten.
Yn de tuskentiid waard Goudzwaard lid fan JA21. Hy stie ek foar dy partij op de list by de Twadde Keamerferkiezingen ferline jier. Dêr waard er krekt net ferkeazen, mar fan it simmer hat er wol fjouwer moannen yn de Keamer sitten. Doe ferfong er Nicki Pouw-Verweij, dy't mei kreamferlof wie.
By JA21 Fryslân stiet Bart Engberts yn maart op plak twa fan de kandidatelist. Op trije stiet Anton van der Aar, dy't earder foar de VVD yn de Steaten siet en gemeenteriedslid wie. Hy is net de iennige âld-VVD'er: ek Sietse Derks (plak sân) en Gert-Jaap van Ulzen (trettjin) wienen aktyf foar dy partij.
JA21 is de fyftjinde partij yn Fryslân dy't har listlûker bekend makke hat.