Actium mei wer nijbouwe yn Eaststellingwerf, dêr't ferlet fan huzen is

Actium mocht noch wol besteande huzen ferfange, lykas twa jier lyn yn Easterwâlde © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Wenningkorporaasje Actium hat in ûntheffing krigen om wer bouwe te meien yn Eaststellingwerf. De gemeente is dêr bliid mei, om't it ferlet oan nije huzen grut is.
Actium mocht sûnt 2016 net mear huzen bouwe, om't lanlike wetjouwing fierdere útwreiding ferbea. "We mochten alleen het beheer van bestaande woningen nog doen", leit direkteur-bestjoerder Rein Swart fan Actium út.
Dêrop is in oanfraach foar in ûntheffing oanfrege by de Autoriteit Woningcorporaties, dy is takend. Mei dy ûntheffing mei Actium wer nijbouwe en fêstgoed oankeapje. "Daar zijn we heel blij mee, want er moet in Ooststellingwerf veel gebeuren."

Ferlet fan huzen

Wethâlder Jelke Nijboer wol mei Actium sjen oft der wer boud wurde kin, want yn de gemeente is oant 2030 noch fraach oan 100 oant 145 sosjale hierhuzen.
Wannear't de earste skeppe de grûn yn kin, is lykwols noch wol de fraach. De korporaasje is ôfhinklik fan de grûn dy't beskikber komt en dan spilet ek noch de stikstofproblematyk en it personielsgebrek yn de bou.

Wenningmerkregio Grinslân-Drinte

De korporaasje is keppele oan de wenningmerkregio Grinslân-Drinte, mar Eaststellingwerf falt ûnder it wurkgebiet fan de regio Fryslân. Actium is de grutste korporaasje yn Eaststellingwerf en hat dêr sa'n 2.200 huzen en hat in merkoandiel fan 70 persint fan de sosjale wenningfoarried.
Korporaasjes binne mei opsetsin oan regio's keppele, om wurkgebieten werom te bringen nei lokale skaal en ynvestearringen foar it eigen gebiet te behâlden.
Actium komt út de eardere Woningstichting Ooststellingwerf wei, dat yn 1912 oprjochte is. It hat yn totaal sa'n 16.000 huzen yn Assen, De Wolden, Hoogeveen, Meppel, Midden-Drenthe, Noordenveld, Westerveld en Eaststellingwerf.