Driigjend tekoart oan gymnastykleararen yn it basisûnderwiis

Remco Regeling, dosint op it CIOS op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der driget in tekoart oan gymnastykdosinten foar it basisûnderwiis. Dat docht bliken út ûndersyk fan sportburo Mulier Instituut. Sportoplieding CIOS It Hearrenfean/Ljouwert hopet oan de oplossing meiwurkje te kinnen.
"Allemaal de handjes in de lucht", seit sportdosint Remco Regeling fan it CIOS. Hy stiet tusken in groep fan tolve pjutten dy't sportles krijt. Yn 'e mande mei learlingen Naomi Veldman en Hylke Metselaar hat Regeling in hindernisbaan útset.
"De peuters komen hier iedere week kennismaken met sport. Onze leerlingen geven een les aan de kinderen en zij leren op die manier met peuters om te gaan."

"Goede sportbasis wichtich foar it hiele libben"

Regeling hâldt efkes op fan praten om te sjen hoe't it mei Hylke giet. Dy helpt by in hindernis om de pjutten oer in brêge te krijen. "Ik fyn it fantastysk om mei de bern om te gean", seit Hylke, wylst hy in pjut oer de brêge tilt.
"Je sjogge de bern groeien as je harren helpe. Dat is sa moai. Mar ek foar de bern is it belangryk om sporten te learen. In goede basis fan sport is wichtich foar it hiele libben."
It CIOS tinkt de oplossing te hawwen foar it tekoart oan gymnastykleararen
Der steane sa'n 200 fakatueren iepen foar sportdosinten yn it basisûnderwiis, sa docht bliken út ûndersyk fan it Mulier Instituut. Takom jier binne skoallen lykwols ferplichte om twa oeren sportles yn de wike te jaan. Dêr ha sy in dosint mei in diploma foar nedich.

'Bettere trochstream nei ALO nedich'

By it CIOS wurde de learlingen oplaat ta sportbegelieder, mar dêrnei moatte sy noch fjouwer jier nei de Algemene Lerarenopleiding (ALO) om foar de klasse stean te meien. Neffens it CIOS soe dat koarter kinne moatte.
"Je ziet nu dat leerlingen afknappen op zo'n lang studievervolg. Ze leren hier ook al met kinderen omgaan en hoe je sport uit kunt leggen. Dat zou voor basisonderwijs prima kunnen. Er zitten leerlingen bij die ook graag met kinderen willen werken, maar zo'n lange opleiding niet zien zitten", stelt Regeling.
"Het zou mooi zijn als we bruggen kunnen leggen met bijvoorbeeld de ALO. Dat zorgt er dan voor dat we het vak aantrekkelijker kunnen maken en meer doorstroom krijgen."
Sportburo Mulier koe gjin spesifike ynformaasje foar it dosintetekoart yn Fryslân jaan. Se sille dêr de kommende tiid mear ûndersyk nei dwaan. "Het probleem lijkt niet zomaar opgelost en kan grote gevolgen hebben", seit ûndersiker Arnold Bronkhorst.