Sis it mar! Omrop Fryslân draait fiif dagen en nachten lang fersykjes

Martine van der Steege stiet oan it roer fan Sis it mar! © Omrop Fryslân
'Sit is mar!' is werom! Omrop Fryslân is fan 2 oant en mei 7 jannewaris dei en nacht live op de radio. Yn dizze dagen en nachten geane de gewoane muzyklisten oan kant en stiet de hiele programmearring yn it ramt fan fersykjes fan harkers.
Fiif fragen oer Sis it mar! oan projektlieder Martine van der Steege.
Dei én nacht dus! Wêrom dogge we dit?
"365 dagen it jier meitsje wy radio foar ús harkers. Wy wolle begjin jannewaris net yn in gat falle nei alle moaie desimberprogramma's, mar knallend úteinsette. Wat kinst dan better dwaan as just dy harker sintraal stelle?
Yn 2020 ha we dit ek dien, midden yn de coronatiid. De ferbining dy't ûntstie wie bysûnder om mei te meitsjen en ek djip yn de nacht streamden de fersykjes noch binnen. Wy ha doe safolle moaie, oandwaanlike en bysûndere ferhalen fan harkers heard."
Wy jouwe de stjoerder werom oan ús harkers, om samar te sizzen.
Martine van der Steege
"As radiostjoerder besikest oansluting te finen by dyn harker. Neist dat wy as Omrop Fryslân minsken op 'e hichte hâlde fan alles wat der yn de provinsje spilet, is radio ek in ferbiner en freon. Dat krijt yn Sis it mar! hielendal foarm. Wy jouwe de stjoerder werom oan ús harkers, om samar te sizzen. Oan dy thús."
Mar hoe komt it dan mei de gewoane radioprogramma's oerdei?
"Dy geane gewoan troch, mar de muzyklisten geane oan kant. Dus ek yn Fryslân fan 'e moarn, No derfoar!, No yn Fryslân, Goeiemiddei en Underweis sil de muzyk bestean út fersykjes. Sis it mar! is 24 oeren deis."
32 oeren ekstra radioprogramma's, binne der wol safolle radiopresintatoaren?
"Om dit foar inoar te krijen, presintearje der ék minsken dy'tst einst nea op de radio hearst! Wy ha minsken mei ûnderfining keppele oan minsken mei minder ûnderfining.
Sa komst aanst duo's tsjin as presintator Johan Terpstra en Willem de Boer fan de ôfdieling technyk, presintator Simone Scheffer en kameraman Alle Faber en presintator Jantine Weidenaar en ynternet-/buroredakteur Sybrand Grasdijk."
© Omrop Fryslân
En radio is fansels leuk, mar kinne we it ek sjen?
"Ja! Fan 22.00 oere ôf is alles live op telefyzje. Hjirboppe kinst it roaster fine en wa't wannear presintearret. Dyn favorite duo yn de jûn of nacht kinst dus ek yn de studio dwaande sjen."
Hoe kin we aanst fersykjes oanfreegje? En mei álles?
"Dat kin mei de Omrop-app of troch in berjocht te stjoeren nei 06 20 499 199, fan moandei 2 jannewaris 06.00 oere oant sneon 7 jannewaris 08.00 oere.
En ja, by Sis it mar! mei alles! Mar... we kinne fansels net de hiele nacht heavy metal draaie of klassike stikken. It moaie is wol dat der dizze wike allegear muzyk foarby komt dy'tst oars nea of hast nea mear hearst op de radio. Fergetten pearels en nije ûntdekkingen. Dat makket it sa leuk datst de radio hast net útsette kinst!"
'Sis it mar!' komt werom yn jannewaris