Op dizze trajekten wurdt yn 2023 oan it spoar wurke

Reizgers op it treinstasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Treinreizgers yn Fryslân moatte takom jier op 'e nij rekken hâlde mei wurk oan it spoar. Op twa trajekten ride de treinen langere tiid net.
Spoarbehearder ProRail wurket takom jier wer ferskate dagen oan it spoar tusken Ljouwert en Starum en tusken Ljouwert en Meppel.
Dat docht bliken út in oersjoch fan ProRail, dat steatssekretaris Vivianne Heijnen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat mei de Twadde Keamer dield hat.
© Omrop Fryslân
Yn dat oersjoch stiet ek it stik tusken Zuidhorn en Grins. Friezen dy't mei de trein nei Grins wolle, moatte dêr it kommende jier dus ek rekken mei hâlde.
Yn hiel Nederlân steane kommend jier fjirtich saneamde 'buitendienststellingen' fan trije dagen of langer pland. Wurk dat yn it wykein gebeurt - en dus koarter as trije dagen duorret - stiet net yn it oersjoch. Der sille dus noch folle faker treinen net ride kinne, want it measte wurk fynt just yn it wykein plak.
Spoarûnderhâld yn Fryslân
- 15 april - 24 april: Snits-Starum
- 26 augustus - 4 septimber: Ljouwert-Akkrum
- 21 oktober - 23 oktober: Ljouwert-Starum
- 21 oktober - 30 oktober: Ljouwert-Meppel
It ôfrûne jier waard der ek al in soad wurke oan it spoar. Wat it Fryske spoar oanbelanget wie dat yn oktober benammen sa: acht dagen lang lei de trein tusken It Hearrenfean en Meppel derút.

Minder steuringen

Dat wie ûnderdiel fan in grutskalige fernijing fan it spoar op it trajekt tusken Ljouwert en Zwolle. It kommende jier giet dat wurk fierder, mar dan op it folsleine stik tusken Ljouwert en Zwolle. It giet dêrby om wat ProRail 'bovenbouwvernieuwing' neamt. De boppebou is it part fan it spoar dat bestiet út bygelyks de dwerslizzers, rails en wiksels. Dit wurk moat derfoar soargje dat der yn de takomst minder steuringen binne.
Tagelyk mei it wurk oan it spoar tusken Ljouwert en It Hearrenfean sil ProRail oan de slach mei it terrein by it stasjon yn Ljouwert dêr't de treinen steane.
Tusken Ljouwert en Starum wurdt it spoar op ferskate ûnderdielen ek fernijd. Dat wurdt yn ferskate perioaden dien. Yn april leit allinnich it stik tusken Snits en Starum derút. Letter yn it jier ride der op it hiele trajekt trije dagen gjin treinen.
In wurdfierder fan ProRail seit dat se it wurk sa folle mooglik besykje te dwaan yn bygelyks fakânsjeperioaden, sadat de oerlêst foar de measte reizgers beheind bliuwt.