Ryk stelt 21 miljoen beskikber foar projekten oan de Fryske Iselmarkust

It strân en de pier by Makkum © Provinsje Fryslân
Der komt 21 miljoen euro beskikber foar projekten oan de Fryske Iselmarkust. Dy projekten binne bedoeld foar de ferbettering fan de ekologyske wetterkwaliteit en fersterking fan de natuer.
Dat hawwe de ministers Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en minister Christianne Van der Wal fan Natuer en Stikstof tiisdei bekend makke.
It jild komt út it ynvestearringsprogramma Programmatische Aanpak Grote Wateren (PAGW) fan it Ryk. De oanfraach foar de projekten oan de Iselmarkust is yntsjinne troch de provinsje Fryslân, de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en de gearwurkjende natuerorganisaasjes.
Deputearre Friso Douwstra is bliid dat de oanfraach honorearre is. "Der is hurd gearwurke om ta in gearhingjend foarstel te kommen dat naadleas oanslút op de ambysjes dy't wy hawwe foar it Fryske Iselmarkustgebiet. By de fierdere útwurking wolle wy maatskiplike ideeën en plannen dy't der al binne yn it gebiet keppelje. Sa ûntstiet grutte mearwearde."
Njonken it jild foar de projekten oan de Fryske Iselmarkust wurdt der ek in bedrach beskikber steld foar it útfieren fan in ferkenning.
De útfiering fan de projekten sil fan 2030 ôf plakha. Oant dy tiid wurde de plannen fierder útwurke.