Oanrinhûs lûkt fyftjin iters op earste krystdei: "Met kerst ben ik altijd alleen"

It krystmiel yn it Oanrinhûs © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Sa'n fyftjin minsken rûnen snein op earste krystdei binnen yn it Oanrinhûs fan de tsjerken yn Ljouwert foar in krystdiner. De measte dielnimmers fertelden dat se oars allinnich thús sieten of hielendal gjin thús ha.
Neffens koördinator Harmke Lagewaard is it Oanrinhûs troch it hiele jier, mar spesjaal mei kryst, in warm en gesellich plak dêr't minsken even ta rêst komme kinne. "Dit is een hele mooie warme plek. Een plek waar mensen elkaar kunnen ontmoeten en waar we met elkaar kunnen zijn", seit Lagewaard.
Der komme neffens Lagewaard dak- en thúsleazen, mar ek minsken dy't gewoan in hûs hawwe. "Die vinden het hier gezellig", seit se.
In frou dy't flakby Achter de Hoven wennet befestiget dat: "Ik kom hier voor de gezelligheid en de sociale contacten. Met de kerst ben ik altijd alleen, dus daarom zit ik hier even."
In oare man komt nei it Oanrinhûs om't er yn de buert gjin famylje hat. "Ze wonen allemaal ver weg of ze zijn overleden. Ik vind het mooi dat ik hier met andere mensen in contact kan komen. Vooral met deze dagen. Eigenlijk moeten we heel blij zijn dat dit Aanloophuis er is en dat er altijd vrijwilligers zijn", seit er.
In reportaazje fan Gerrit de Boer oer it Oanrinhûs