Manmachtich stimd foar Fryske top 100, mear as 56.000 stimmen registrearre

Opnamen by de lêste stimdei fan de Fryske top 100 © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Der is manmachtich stimd foar de Fryske top 100. Yn totaal waarden der 56.440 stimmen registrearre. "Fryslân hat echt nocht oan de Fryske top 100", seit projektlieder Arjen Overmaat.
Minsken koenen oant twadde krystdei 17.45 oere stimme foar de list mei de bêste Fryske muzyk. Op de finaledei koenen minsken ek fysyk nei de redaksje fan Omrop Fryslân komme om dêr harren stim út te bringen. Dêr waard in protte gebrûk fan makke, de Omrop-sjaals fleagen de doar út.
Aldjiersdei wurdt de definitive list útstjoerd op radio en telefyzje. Dit jier fan 7.00 oant 18.00 oere.
"De Fryske top 100 is in list dy't Fryslân ferbynt", stelt Overmaat. "Wy fernimme dat Friezen der echt de radio en tv foar oansette. It is foar artysten ek in hiele eare om yn sa'n list te stean."
Wa't dit jier de nûmer ien is, wurdt op âldjiersdei dúdlik. De nûmers 11 oant en mei 100 wurde tiisdei bekend makke op frysketop100.nl
Ferline jier wie it de alfde kear dat Gurbe Douwstra mei it nûmer Cliffs of Moher op it earste plak stie.