Stroomsteuring yn de omkriten fan Mantgum oplost

Stekker yn it stopkontakt
© ANP
Minsken út de omkriten fan Mantgum hienen moandeitejûn lêst fan in stroomsteuring. Netbehearder Lianderhat it probleem om 21.00 oere hinne ferholpen
De steuring trof ûnder mear Baard, Easterwierrum, Jellum, Jorwert, Mantgum en Weidum. Earder melde Liander dat ek plakken as Grou, Aldegea (Smellingerlân) en Reduzum lêst hienen fan de steuring. Der waarden in pear hûndert klanten troffen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.