It jier fan Arnaud Dijkstra: "We wisten fuort dat we op it goede plak wienen om te helpen"

Arnoud Dijkstra © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Goed 450 Oekraynske flechtlingen ha de Friese Rijders dit jier nei Nederlân helle en se hawwe tûzenen kilo's oan bygelyks iten, klean en medisinen just dy kant op brocht. Foar inisjatyfnimmer Arnaud Dijkstra fan Oerterp wie it in enoarm yntins jier.
"It begûn doe't in maat fan my, Jaap de Vos, de earste filmkes fan de Russyske ynfal seach", fertelt Dijkstra (42). "Jaap sei: ik gean dy kant op. Hy woe de minsken yn Oekraïne helpe. Dus hy derhinne mei de auto en hy kaam mei flechtlingen werom."
Dijkstra en De Vos kenne elkoar goed. Se ha al faker dingen by 't ein hân. Nei de tsûnamy yn Súdeast-Azië yn 2004 hienen se ek al fan alles op poaten set. "En Jaap woe no Oekraïne helpe. Ik sei: jonge, ik stypje dy by alles."
It organisearjen sit Dijkstra yn it bloed. Hy hat sa'n tsien jier foar frijwilligersorganisaasjes wurke, aktiviteiten organisearre foar yn totaal tsientûzenen minsken.

Thús drok genôch

"Ik mei graach dingen organisearje, ja", laket er. Laitsje moat er ek wol as er neitinkt oer wat er dit jier allegear dien hat. Oant 24 febrewaris de dei fan de Russyske ynfal yn Oekraïne hie er it drok genôch mei syn wurk en mei coronagedoch thús. "We ha fjouwer bern thús. Yn jannewaris sieten we al yn karantêne en yn febrewaris wienen der wer trije siik."
En it wurk dus: Dijkstra wurket as beamseager. "Ik kom no ek krekt út De Wylgen wei, dêr steane in pear hiel grutte beammen. Dy kinne net yn ien kear om, dus klim ik deryn. Dat is myn berop en dêr wie ik oant 24 febrewaris drok mei."
Arnaud Dijkstra oan it wurk as beamseager © Boomzager Dijkstra
Syn wurk hat er noch hieltyd, mar dêr is no sawat in fulltimebaan bykaam. Guon wiken, benammen yn it begjin, wie er wol fyftich oeren kwyt om helpaksjes foar Oekraïners op tou te setten. De earste wiken nei de Russyske ynfal wienen ekstreem drok.
"Foar de twadde rit regelen Jaap en ik in bus en guod om dêrhinne te bringen, guod dêr't de minsken dêr ferlet fan hienen. Hy is moarns betiid fuortgien mei syn broer. In dei letter wie er op de wei werom: it guod hie er ôflevere en hy naam sân flechtlingen mei werom."
Hy sei: we moatte troch oant we alle bern yn feilichheid brocht ha.
Arnaud Dijkstra
De bus hienen se lykwols fiif dagen hierd en der wienen noch mar twa dagen foarby. "Ik frege him: moatte we noch in kear? Hy sei: we moatte troch oant we alle bern yn feilichheid brocht ha."
It libben stie op 'e kop, want al gau fernamen oaren ek dat Dijkstra fan alles oan it organisearjen wie. En de help kaam fan alle kanten. "Allegear minsken seine dat se wolris helpe woenen. Dus doe't de bus wer op de weromreis wie nei de twadde rit, ha ik guon út Donkerbroek opbelle: 'Jim woenen wat dwaan? Jim kinne jûn de bus ophelje, fannacht lade en moarnier om 5.00 oere ride jim derhinne.' Hiel Donkerbroek yn 'rep en roer', elkenien holp mei om guod yn te sammeljen."

"It gong hiel mâl"

En sa gong it mar troch. As de bus op in tiisdeitejûn weromkaam, dan regele Dijkstra de folgjende ploech dy't woansdei wer nei de Poalsk-Oekraynske grins ta koe. Yn de pear oerkes dêrtuskenyn waard de bus ynladen mei guod. "We binne oant de boufak wol trije kear yn de wike dy kant op gien, it gong hiel mâl."
De frijwilligers, tsientallen of miskien wol hûnderten yn totaal, leveren it guod ôf yn feilige parten fan it lân. Dêrwei waard it ferspraat oer hiel Oekraïne. Dijkstra hat bylden oant yn de 'loopgraven' krigen fan minsken dêr't it guod terjochte kaam is.
Guod fan de Friese Rijders dat terjochte kaam is by Oekraynske soldaten © Fia Arnaud Dijkstra
Al dat guod moast ek ynsammele wurde. "Op in bepaald stuit krigen we de fraach nei antibioatika en ynsuline bygelyks. Yn in oarlochsgebiet giet soks der hiel gau trochhinne, fanwege alle ferwûnen. Dêr wie dus in soad fraach nei, dus wy dat regelje. Je fiele je in soart 'ritselaar'. Want tagelyk moasten der riders komme foar de buskes. We sochten ien foar de planning, ien dy't de finânsjes regelet, neam mar op."
Dêr komt ek hiel wat organisaasje by sjen en Dijkstra is in perfeksjonist. It moat wol goed. Der kaam in liedersteam fan sân minsken dy't de taken ferdielden. "Marja Bron is ien fan harren. Sy sei: we moatte dit profesjoneel oanpakke, nei in heech nivo. Dus we hienen oeral kontakt mei, ek mei gemeenten en de Veiligheidsregio. Want hoe geane we mei de flechtlingen om? Wêr kinne se opfongen wurde? Dat wie in hiel proses."
Dijkstra siet benammen thús om alles yn goede banen te lieden, hy siet net yn ien fan de buskes om flechtlingen op te heljen of guod ôf te leverjen. Ut Fryslân wei wie der ek genôch te dwaan. "Je moatte ek fertrouwen kweke. Dus de Oekraïners dy't we ophelle hienen, lieten we belje mei minsken dy't der noch wienen. Sa koenen se dêr hearre wat wy dienen en oft de flechtline feilich wie."
Ien fan ús dochters sei yn ien fan de earste wiken al: 'Heit, ik ha dy noch noait sa faak gûlen sjoen.'
Arnaud Dijkstra
Mar ek al sit Dijkstra benammen yn Fryslân, hy krijt wol alles mei wat der bart. En dat is yntins. "Ien fan ús dochters sei yn ien fan de earste wiken al: 'Heit, ik ha dy noch noait sa faak gûlen sjoen.'"
Fan elke reis komme der foto's, filmkes en berjochten. En dêr sit ymposant materiaal by. In ferhaal dat him noch hiel goed bystiet, komt út ien fan de earste wiken fan de oarloch. "In groep fan ús hie krekt levensmiddelen ôflevere, doe't der in groep fan tritich weesbern wie."
Dijkstra syn stim brekt as er it fertelt. "Dy bern dy snappe al neat fan de oarloch, se ha ek neat mear. Doe wisten wy fuort dat we op it goede plak wienen om te helpen."
Yn de simmer wie der ek persoanlik leed by ien fan de sjauffeurs. Dy waard troffen troch in hertoanfal. "Ik lei te sliepen, doe't ik belle waard: 'Se binne Foppe oan it reanimearjen'. Ik waard fuort mislik. Even letter kaam it berjocht dat de reanimaasje net slagge wie."
De Friese Rijders hie op dat stuit, yn juny, al in flinke 'folgersskare'. Dy holp by it finansierjen fan de repatriearring út Poalen en de oare kosten dy't dêrby sjen kamen.

Tiid, jild en triennen

Al dy waarme aksjes meitsje Dijkstra in lokkich man. "Je geane hieltyd troch, stiest der net altyd by stil. Mar no't ik oan it fertellen bin, doch ik dat wol. En dan komme de emoasjes ek nei boppen. Ik bin sa tankber. Sûnder alle minsken dy't donearje, kinne we neat."
Hy rint op syn tiennen, dat moat er wol tajaan. It giet ek mar troch. "Je dogge it út je hert, mar it kostet tiid, jild en triennen."
It wurk sit der noch net op. De Friese Rijders helje op it stuit gjin flechtlingen mear op, mar alle wiken makket it buske twa kear in reis nei it easten. In pear wiken lyn twivele Dijkstra noch, want miskien wie it wol klear.

Hûndert generatoaren

"Mar de winter hat dúdlikheid jûn", fertelt er. "It is dêr in stik kâlder as hjir. En doe't Poetin oardel moanne lyn de enerzjyfoarsjennings bombardearre, krigen we fan ien fan ús kontakten yn it flechtlingekamp de fraach oft we ek generatoaren hienen. Se sieten dêr sûnder stroom. We ha de latte heech lein en yntusken binne der mear as hûndert generatoaren hinne brocht."
Dijkstra wit altyd wêr't it guod terjochte komt. "We ride altyd nei itselde flechtlingekamp ta. Dit hiele jier hat ús buske al 87 ritten makke. Ik ha dy minsken dêr noch noait yn it echt sjoen, mar yn filmkes al wol hûndert kear."
Dizze wike binne jassen út Fryslân oankaam yn Oekraïne
Sa bout er dochs in bân mei de minsken dêr op. "Dizze wike binne winterjassen dy kant op gien. Op filmkes seagen we hoe't wat âlde froulju dy pakketten útpakten. Dan sjochst wer dat it op in goed plak komt."
It plan is om yn alle gefallen noch oant april troch te gean. "Dan is de winter oer, hooplik is de situaasje dan wat better."